KristenUny | |
Ofkoarting | CU |
Partijlieder | Mirjam Bikker |
Partijfoarsitter | Ankie van Tatenhove |
Fraksjelieder Twadde Keamer | Mirjam Bikker |
Fraksjelieder Earste Keamer | Tineke Huizinga |
Delegaasjelieder Europeesk Parlemint | Anja Haga |
Sitten yn Twadde Keamer | |
Sitten yn Earste Keamer | |
Sitten yn Provinsjale Steaten | |
Sitten yn Europeesk Parlemint | |
Oprjochte | 22 jannewaris 2000 |
Fúzje fan | RPF en GPV |
Rjochting | Sintrum |
Ideology | Kristlik-sosjaal |
Ledetal | 25.495 (2021) |
Jongereinorganisaasje | PerspectieF |
Europeeske partij | ECPM |
Europeeske fraksje | ECR |
Webstee | www.christenunie.nl |
De KristenUny (CU) is in kristlik-sosjale Nederlânske politike partij fan ortodoks-protestantske sinjatuer, dy't fertsjintwurdige is yn de Earste en Twadde Keamer en yn provinsjale en gemeentlike bestjoeren. De KristenUny is yn it Jeropeesk Parlemint fertsjintwurdige mei ien sit.
Fan 22 febrewaris 2007 ôf wie de KristenUny mei it CDA en de PvdA part fan it kabinet-Balkenende IV. Op 20 febrewaris 2010 stapten de PvdA-bewindslieden nei in skeel oer Taskforce Uruzgan út dit kabinet, wêrnei't CDA en CU yn in demisjonêr kabinet fierder gienen. Fan oktober 2017 oan jannewaris 2022 siet de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III. Sûnt jannewaris 2022 sit de KristenUny mei twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV.
De politike jongereinorganisaasje fan de KristenUny is PerspectieF.
Stânpunten
Grûnslach
De Unyfundearring fan de Kristenuny is:
- De ChristenUnie erkent Gods heerschappij over het staatkundig leven, dat de overheid door God is gegeven en in zijn dienst staat en dat christenen de verantwoordelijkheid hebben actief te zijn in de samenleving. Zij fundeert haar politieke overtuiging op de Bijbel, het geïnspireerde en gezaghebbende Woord van God, die door de Drie Formulieren van Eenheid wordt nagesproken en die ook voor het staatkundig leven wijsheid bevat.
De ferwizing nei de Trije Formulieren fan Ienheid leit gefoelich by in protte kristenen, omdat dêryn ûnder oaren de folwoeksenedoop fersmiten wurdt. Yn de Heidelberchske Kategismus wurdt de roomsk-katolike earetsjinst oantsjut as "paapske mis" en as "ferflokte ôfgoderij". Foar in soad katoliken is dit noch in drompel foar lid wurden fan de partij.[1] Sels ferklearret de partij dat de ferwizing net bedoeld is om yn te stimmen mei de Trije Formulieren, mar om yn te stimmen mei de "politike oertsjûging fan de KristenUny dy't fuorkomt út dit gedachteguod".[2] Yn de KristenUny is men benaud dat it fuortheljen fan de ferwizing ferdieldheid fan gefolgen hawwe kin. Fraksjefoarsitter Arie Slob sei dêroer: "We moeten dit ook niet forceren, met als gevolg dat er verdeeldheid in de partij ontstaat".[1]
Organisaasje en leden
De KristenUny hat in federative struktuer. De lokale partijen binne selsstannige ferienings mei in folslein foech en gjin ôfdielingen fan de lanlike partij, sa't by in protte oare partijen wol it gefal is. Dizze pleatslike ferienings foarmje de leden fan de lanlike feriening.
Leden lokale KristenUnys | |
---|---|
Jier | Oantal leden |
1 jannewaris 2002 | 27.250 |
1 jannewaris 2003 | 27.000 |
1 jannewaris 2004 | 25.074 |
1 jannewaris 2005 | 24.235 |
1 jannewaris 2006 | 24.156 |
1 jannewaris 2007 | 26.673 |
1 jannewaris 2008 | 27.683 |
1 jannewaris 2009 | 26.745 |
1 jannewaris 2010 | 26.441 [3] |
1 jannewaris 2015 | 23.521 |
1 jannewaris 2020 | 25.234 |
1 jannewaris 2021 | 25.495 |
1 jannewaris 2022 | 26.167 |
Bron: ChristenUnie - ledentallen (DNPP) |
partijfoarsitter | fan | oant | tsjerke |
---|---|---|---|
Thijs van Daalen | 22 jannewaris 2000 | 9 april 2005 | NGK |
Peter Blokhuis | 9 april 2005 | 12 maaie 2012 | PKN |
Klaas Tigelaar (wnd.) | 1 jannewaris 2013 | 13 april 2013 | GKV |
Piet Adema | 13 april 2013 | 17 april 2021 | GKV |
Ankie van Tatenhove | 17 april 2021 | oant no | GKV |
partijlieder | fan | oant | tsjerke |
---|---|---|---|
Kars Veling | 17 jannewaris 2001 | 12 novimber 2002 | GKV |
André Rouvoet | 12 novimber 2002 | 28 april 2011 | CGK |
Arie Slob | 28 april 2011 | 10 novimber 2015 | GKV |
Gert-Jan Segers | 10 novimber 2015 | 17 febrewaris 2023 | PKN |
Mirjam Bikker | 17 febrewaris 2023 | oant no | PKN |
Twadde Keamer
De Twadde Keamerfraksje bestiet sûnt de Twadde Keamerferkiezingen fan 2023 út de folgjende trije persoanen:
- Mirjam Bikker (fraksjefoarsitter)
- Don Ceder
- Pieter Grinwis
Earste Keamer
De Earste Keamerfraksje bestiet sûnt de Earste Keamerferkiezingen 2019 út de folgjende fjouwer persoanen:
- Tineke Huizinga (fraksjefoarsitter)
- Simone Kennedy (ferfanging fan Peter Ester †)
- Hendrik-Jan Talsma (ferfanging fan Mirjam Bikker, eardere fraksjefoarsitter)
- Maarten Verkerk
Kabinèt
De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Balkenende IV (2007—2010). Dat wiene:
- André Rouvoet, vise premier en minister sûnder portefúlje
- Eimert van Middelkoop, minister fan Definsje
- Tineke Huizinga, steatssekretaris
De Kristen Uny hie twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte III (2017—2022). Dat wiene:
- Carola Schouten, vise premier en minister fan Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit
- Arie Slob, minister foar Basis- en Fuortset Underwiis
- Paul Blokhuis, steatssekretaris fan Folkssûnens, Wolwêzen en Sport
De Kristen Uny hat twa ministers en ien steatssekretaris yn it kabinet-Rutte IV (2022—no). Dat binne:
- Carola Schouten, vise premier en minister foar Earmoedebeheining, Partisipaasje en Pensjoenen
- Henk Staghouwer ferfongen troch Piet Adema, minister fan Lânbou, Natoer en Itenskwaliteit
- Maarten van Ooijen, steatssekretaris
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|