Chris Anker Sørensen
sporter
Chris Anker Sørensen (2011)
Chris Anker Sørensen (2011)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit  Deensk
bertedatum5 septimber 1984
berteplakHammel
stjerdatum18 septimber 2021
stjerplakDudzele flagge fan Belgje
lingte1.84 m
gewicht64 kg
sportive ynformaasje
sportHurdfytsen
ûnderdielKlimmer
O.S.Rio de Janeiro 2016
debút2005
karriêre-ein2018

Chris Anker Sørensen (Hammel, 5 septimber 1984 - Dudzele, 18 septimber 2021) wie in Deensk hurdfytser. Hy wûn yn 2010 in etappe yn de Omgong fan Itaalje, en wûn yn 2015 it Deenske kampioenskip.

Karriêre

Hy wurke foaral as knecht, mar gie soms ek foar eigen kânsen; sa wûn er etappes yn de Dauphiné Libéré en de Omgong fan Eastenryk. It hichtepunt yn syn karriêre wie de oerwinning yn de 8ste etappe yn de Omgong fan Itaalje 2010.

Yn de Omgong fan Frankryk 2012 rûn Sørensen in blessuere oan syn hân op yn de lêste Pyreneeënetappe nei Peyragudes. Hy siet yn de kopgroep doe't er nei de top fan de Col des Ares in ferdwaalde krante út syn foartsjil lûke woe. Sørensen krige syn fingers tusken de speaken, wêrby't er in protte bloed ferlear. Hy wist de Omgong te einigjen as 14e yn it einklassemint. Yn dy Omgong makke er yndruk troch yn meardere ûntsnappingen mei te sitten, wêrtroch't er ferkeazen waard ta de striidlustichste hurdfytser

Yn 2016 die er mei oan de Olympyske Simmerspullen yn Rio de Janeiro, dêr't er 60ste waard yn de dykwedstriid. Sørensen stopte ein 2018 mei hurdfytsen op heech nivo.

Nei syn karriêre as profesjoneel hurdfytser waard er kommentator foar de Deenske telefyzje. Yn septimber 2021 wie er yn Belgje om ferslach te dwaan fan it Wrâldkampioenskippen, doe't er in dei foardat it kampioenskip begûn, yn it doarp Dudzele mei syn fyts yn botsing kaam mei in bestelwein. Chris Anker Sørensen oerlibbe it ûngelok net, hy ferstoar yn 'e âldens fan 37 jier.

Dielname oan grutte omgongen

Dielname oan de Omgong fan Frankryk

Dielname oan de Omgong fan Spanje

  • 2007 - 19e;
  • 2011 - 12e;
  • 2013 - 18e;
  • 2014 - 29e;

Dielname oan de Omgong fan Itaalje

  • 2008 - 28e;
  • 2010 - 27e; winner 8ste etappe
  • 2014 - net finisht;

Ploegen

  • 2005 - CSC
  • 2006 - Designa Køkken
  • 2007-2008 - CSC
  • 2009-2012 - Saxo Bank
  • 2013-2015 - Tinkoff-Saxo
  • 2016 - Fortuneo
  • 2017-2018 - Riwal
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL
    • Wikipedy:EN
    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.