De Offerplingsters | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Χοηφόροι | |
auteur | Aiskylos | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 458 f.Kr. | |
1e opfiering | 458 f.Kr., Atene | |
rige | ||
rige | Oresteia | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | De Offerplingsters | |
publikaasje | (net útjûn) | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
De Offerplingsters, yn it oarspronklike Aldgryksk: Χοηφόροι, Choēforoi, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e grutte Grykske toanielskriuwer en dichter Aiskylos of Aeschylus (±525-±455 f.Kr.). It is in trageedzje dy't ferhellet oer hoe't de bern fan Agamemnon en Klytemnêstra, Elektra en Orestês, inoar moetsje nei't se apart faninoar grutbrocht binne, en hoe't se dêrnei tegearre wraak nimme op harren mem foar de moard op harren heit. It is itselde ferhaal dat ek ferteld wurdt yn 'e trageedzjes Elektra fan Sofoklês en Elektra fan Euripides, al wurdt de stof yn 'e trije stikken ferskillend útwurke. De Offerplingsters heart ta de toanieltrilogy Oresteia, dêr't it it middelste diel fan foarmet. Yn 'e mande mei de oare beide dielen wûn it by de jierlikse toanielwedstryd op it Ateenske Feest fan Dionysus yn 458 f.Kr. de earste priis. It stik waard yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma.
Ynhâld
It stik iepenet as Orestês by it grêf fan syn heit Agamemnon arrivearret, dy't fermoarde is troch (Orestês) syn mem, Klytemnêstra. Hy is yn it selskip fan syn neef Pûladês, de soan fan 'e kening fan Fokis, oan waans hof oft er yn ballingskip grutbrocht is. Orestês pleatst twa lokken fan syn hier op it grêf, mar fuort dêrnei moatte hy en Pûladês harren ferskûlje as Elektra, de suster fan Orestês by it grêf oankomt mei by har in koar fan âldere slavinnen (de offerplingsters út 'e titel), om in plingoffer op it grêf út te jitten. Hja binne stjoerd troch Klytemnêstra, nei't dy pleage is troch in skriklike nachtmerje wêryn't se it boarst joech oan in grutte slange, dy't tagelyk mei de tate ek bloed fan har dronk. Nei it offerritueel merkt Elektra de beide lokken hier op, dy't tige op har eigen hier lykje, en dan twa pear fuotprinten, wêrfan't it iene har eigen net wanlyk is. Op dat stuit komme Orestês en Pûladês út har sideplak te foarskyn, en wit Orestês har derfan te oertsjûgjen dat er har broer is.
Dan roppe Orestês, Elektra en it koar de geast fan Agamemnon op, dy't witte wol wêrom't Klytemnêstra no noch plingoffers op syn grêf bringe lit, no't it dêr al fiersten te let foar is. Elektra ferhellet dan fan 'e nachtmerje fan har mem. Orestês leaut dat hý de slange út 'e dream is, en dat it syn taak is om syn heit te wreekjen troch syn mem en har nije man, kening Aigisthos, te fermoardzjen. Dat, yn 'e mande mei Elektra tinkt er in plan op om dy taak te ferwêzentlikjen.
Orestês en Pûladês dogge har foar as gewoane reizgers út Fokis, en wurde útnûge om yn it paleis te oernachtsjen. Se meitsje Klytemnêstra wiis dat Orestês dea is. Optein oer dat nijs lit hja Aigisthos roppe, dat se it him ek fertelle kinne. Mar as Aigisthos ferskynt, makket Orestês himsels bekend en deadet er de usurpator. Dêrnei moat er syn mem deadwaan, en dan wifket er, want dat pleatst him foar in moreel dilemma: syn plicht as soan fan syn heit is om syn heite moard te ferjilden, mar syn plicht as soan fan syn mem is yn dit gefal fansels persiis tsjinsteld. Dit liket mei it gruttere tema fan 'e hiele Oresteia-trilogy te krijen te hawwen: dat men somtiden foar in ûnmooglike kar komt te stean. Oan 'e oare kant makket Orestês dy kar wol hiel flot as Pûladês him wat oantrunet, dat syn wifkjen wurdt ek wol ynterpretearre as poer foar de foarm. Hoe dan ek, op Pûladês syn oanmoediging stekt er syn mem dea. Mar sa gau't er neitiid it paleis ferlit, wurdt er tramtearre en opjage troch de Fueryen, de ierdgoadinnen dy't yn 'e Grykske mytology misdieden as matriside en patriside bestraffe. Dit wiist foarút nei diel trije fan 'e Oresteia.
Fryske oersetting
De Fryske oersetting fan De Offerplingsters waard foar 't neist yn 'e njoggentiger jierren makke troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't teffens ferantwurdlik is foar de Fryske fertalings fan Homêros syn Ilias en Odyssee en fan alle sân oerlevere trageedzjes fan Sofoklês. Yn in fraachpetear mei Abe de Vries, ta gelegenheid fan it ferskinen fan 'e Fryske Ilias en Odyssee, yn 2004, fertelde Bruinsma dat er ek de "de trilogy oer de Oresteia" yn it Frysk oerset hie.[1] Yn 'e katalogus fan Tresoar is lykwols inkeld it earste diel, Agamemnon, werom te finen, dat De Offerplingsters en it trêde diel, De Eumeniden, lizze spitigernôch wierskynlik noch earne by Bruinsma thús yn in laad te stofgarjen. It is dan ek net alhiel dúdlik wannear't de oersetting krekt makke is, mar mei it each op it feit dat de fertaling fan Agamemnon út 1993 is, sil De Offerplingsters foar 't neist út datselde jier of fan koart dêrnei datearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Noaten
Boarnen
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |