Chicago Sun-Times
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Amerikaansk
taalIngelsk
sjenrekrante
frekwinsje1 × deis
bestean1948 – no
plak haadred.Chicago (Illinois)
útjouwerSun-Times Media Group
oplaach120.000 (2018)
ISSN1553-8478
offisjele webside
chicago.suntimes.com

De Chicago Sun-Times is in deistich ferskinende krante yn 'e Amerikaanske stêd Chicago. Dizze publikaasje hat nei de rivalisearjende Chicago Tribune de grutste sirkulaasje yn 'e stêdekloft fan Chicago, mei in oplaach (anno 2018) fan 120.000 eksimplaren. De Chicago Sun-Times wurdt útjûn troch de Sun-Times Media Group en beweart de âldste oanhâldend publisearre krante yn Chicago te wêzen.

Skiednis

De bewearing dat de Chicago Sun-Times de âldste krante yn Chicago wêze soe, is basearerre op 'e oprjochting, yn 1844, fan 'e Chicago Daily Journal, dy't yn in beskate optyk as de foargonger fan 'e Sun-Times sjoen wurde kin. Hoewol't de hiele ynboel fan 'e Daily Journal yn 1929 oan 'e Chicago Daily News oerdien waard, rjochte de lêste eigner fan 'e krante, Samuel Emory Thomason, tagelyk mei dy ferkeap in tabloid op mei as titel Chicago Daily Illustrated Times, dy't letter it Illustrated falle liet en sa de Chicago Daily Times waard.

De moderne Chicago Sun-Times ûntstie yn 1948 út 'e fúzje fan 'e Chicago Daily Times en de Chicago Sun, dy't yn desimber 1941 oprjochte wie troch Marshall Field III. De nije krante waard eigendom fan Field Enterprises, it bedriuw fan 'e famylje Field. Dat kocht yn 1959 ek de Chicago Daily News oan en begûn yn 1966 mei it pleatslike tillefyzjestasjon WFLD. Doe't de Daily News yn 1978 opdoekt waard, kaam it meastepart fan 'e stêf by de Sun-Times te wurkjen.

Yn it Field-tiidrek hie de Chicago Sun-Times in populistysk, progressyf karakter dat op polityk mêd útskaaide yn 'e rjochting fan 'e Demokratyske Partij. Hoewol't de styl fan it deiblêd sterk wei hie fan in tabloid, hie de krante in goede namme wat sjoernalistike kwalisteit en yntegriteit oanbelange. De Chicago Sun-Times makke nea gebrûk fan sensasjonele artikels op 'e foarside om 'e ferkeapsifers omheech te krijen.

Yn 1984 ferkochten de doetiidske eigners fan Field Enterprises, de healbruorren Marshall Field V en Ted Field, de Chicago Sun-Times oan News Corporation, it bedriuw fan mediatycoon Robert Murdoch. Dat late ta in abrupte feroaring yn 'e styl fan 'e krante, dy't fuortendaliks gelyk makke waard oan dy fan 'e New York Post, in oare útjefte fan News Corporation. De foarsiden waarden sensasjoneler en de politike stânpunten makken in skuor nei rjochts. Mei't yn dyselde snuorje de rivalisearjende Chicago Tribune krekt syn hurde Republikeinske stânpunten fersêfte, rekken de dúdlike politike skiedslinen op it mêd fan 'e deiblêden yn Chicago doe alhiel ferdizene.

It haadkantoar fan 'e Chicago Sun-Times.

Murdoch ferkocht de Chicago Sun-Times yn 1986 foar de priis fan $145 miljoen oan in ynvestearringsgroep besteande út 'e direkte útjouwer fan 'e krante, Robert E. Page, en de New Yorkske ynvestearringsfirma Adler & Shaykin. Tsjin 1988 rekken Page en Leonard P. Shaykin deilis, wat late ta it ûntslach fan Page en de ferkeap fan syn oandiel yn 'e krante oan Adler & Shaykin.

Dy ûndernimming ferkocht de Chicago Sun-Times yn febrewaris 1994 foar $180 miljoen oan Hollinger Inc., it bedriuw fan 'e Kanadeeske sakeman Conrad Black. Dyselde en syn assistint David Radler waarden yn 2007 yn steat fan beskuldiging steld foar it efteroerdrukken fan jild fan Hollinger (dêr't se letter foar feroardiele waarden), wêrnei't se út har funksje set waarden. Hollinger waard doe omneamd ta Sun-Times Media Group.

Meiwurkers

Ferneamde wurknimmers fan 'e Chicago Sun-Times wiene û.o. Pulitzerpriiswinnend kollumnist Mike Royko, dy't yn 1978 mei oerkaam fan 'e Chicago Daily News, cartoonist Jacob Burck, dy't yn in 44-jierrige karriêre by de krante krapoan 10.000 cartoons tekene, en Roger Ebert, dy't him ûntjoech ta de meast foaroansteande filmkritikus fan 'e Feriene Steaten. Ek Ebert syn opfolger by de krante, Richard Roeper, timmeret behoarlik oan 'e dyk.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.