Chicago
geografy
lân Feriene Steaten
steat Illinois
ûntspringt ynMichiganmar
lokaasje boarneChicago
mûnet út ynChicago Sanitary and
   Ship Canal
lokaasje mûningChicago
fertakkingsSouth Branch, North Branch
sifers
lingte251 km
maks. breedte27 m
djiptegemiddelde5,5 m
ôffier (mûning)16,5 m³/s

De Chicago is in rivier yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Illinois, dy't troch de stêdekloft fan Chicago rint en ek troch de binnenstêd fan Chicago sels. De rivier wurdt op 'e flagge fan Chicago symbolisearre troch ien fan twa ljochtblauwe streken. De Chicago is mei in lingte fan 251 km net botte lang, mar histoarysk wie it in wichtich wetter fanwegen de Chicago Portage. Dat wie in plak oan 'e bopperin fan 'e rivier dêr't men fia in draachplak hannelsguod oer lân oerbrocht fan en nei de Chicago nei en fan de rivier de Des Plaines, dy't yndirekt in sydrivier fan 'e Mississippy is. Fia de Des Plaines en de Chicago waard dus it rivierestelsel fan 'e Mississippy, en dêrmei de Golf fan Meksiko, ferbûn mei de Grutte Marren, mei't de Chicago oarspronklik útmûne yn 'e Michiganmar. Dat is lykwols al lang net mear sa, mei't men yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw de streamrjochting fan 'e rivier omdraaid hat.

Namme

De namme 'Chicago' komt fan in santjinde-iuwske Frânsktalige ferbastering fan in Yndiaansk wurd foar de plant Amerikaansk knyflok (Allium tricoccum), in soarte fan ytbere wylde prei, dy't doedestiden rûnom oan 'e igge fan 'e rivier groeide.

Boppe de sitewaasje foar en ûnder de sitewaasje nei de omkearing fan 'e streamrjochting.

Rin

Doe't de Chicago syn natuerlike rin noch folge, ûntsprong de North Branch fan 'e rivier benoarden de hjoeddeiske stedsgrinzen fan Chicago, en de South Branch yn 'e stêd. De North Branch streamde súdoan, wylst de South Branch nei it noarden ta streamde. By Wolf Point kamen de beide rivierkes gear om 'e haadstream fan 'e Chicago te foarmjen, dy't yn it Ingelsk bekendstiet as de Main Stem. Dy streamde dêrwei suver rjocht nei it easten en mûne út yn 'e Michiganmar ter hichte fan 'e hjoeddeiske Madison Street. Tsjintwurdich hellet de Main Stem troch minsklik yngripen lykwols syn wetter út 'e Michiganmar en streamt dan eastoan nei Wolf Point ta, dêr't er gearfloeit mei de North Branch om 'e South Branch te foarmjen. Dy streamt nei it súdwesten ta en mûnet út yn it Chicago Sanitary and Ship Canal, dat sels yn ferbining stiet mei de rivier de Des Plaines, dy't wer útmûnet yn de Illinois, in sydrivier fan 'e Mississippy. Sa is de Chicago dus eins yndirekt ek in sydrivier fan 'e Mississipi wurden.

Skiednis

Hoewol't se nei alle gedachten net de earste Jeropeänen wiene dy't de krite besochten, wiene de Frânsen Louis Jolliet en Jacques Marquette yn 1673 de earsten dy't harren besyk dokumintearren. Se befearen de rivier de Chicago en beskreaune harren ûntdekking fan 'e Chicago Portage, in draachplak dêr't men maklik (te foet) hannelsguod en kano's oerbringe koe fan 'e Chicago nei de rivier Des Plaines. Yn 1674 kearden se werom en kampearren se fjouwer dagen oan 'e mûning fan 'e Chicago foar't se nei de Chicago Portage giene, dêr't se de winter fan 1674 op 1675 trochbrochten. Oan it begjin fan 'e achttjinde iuw rekke de krite troch it útbrekken fan 'e Foks-Oarloggen effektyf ûnbegeanber foar blanken. Neitiid wie in pelshanneler dy't Guillory hiet nei alle gedachten de earste blanke dy't him, om 1778 hinne, wer yn it gebiet fêstige.

Jean Baptiste Point du Sable, dy't yn 'e 1780-er jierren in boerespultsje by de mûning fan 'e Chicago stifte, jildt as de earste permaninte bewenner fan Chicago. Yn 1795 waard it lân oan 'e mûning fan 'e Chicago by it Ferdrach fan Greenville troch de Yndianen ôfstien oan 'e Feriene Steaten. Neitiid krigen de Amerikanen by it Ferdrach fan St. Louis, yn 1816, en it Ferdrach fan Chicago, yn 1821, de hiele krite yn besit. Yn 1803 waard Fort Dearborn boud oan 'e mûning fan 'e Chicago, rjocht foar de eardere pleats fan Point du Sable oer, op it plak dêr't no de Michigan Avenue Bridge leit. Luitenant James Strode Swearingen, de earste kommandant fan dat fort, beskreau de rivier as 27 m breed en 5,5 m djip, mei iggen dy't oan 'e noardkant 1,8 m en oan 'e súdkant 2,4 m heech wiene.

Tusken 1816 en 1828 groeven soldaten fan Fort Dearborn in farwetter troch de sânbank hinne dy't foar de mûning fan 'e Chicago lei, sadat it fort oer de Michiganmar befoarriede wurde koe. Dat farwetter slike lykwols al rillegau wer ticht, sadat it allegeduerigen op 'e nij útgroeven wurde moast. Yn 1833, itselde jiers dat de stêd Chicago stifte waard, sette men útein mei de oanlis fan in echte haven, dêr't it Amerikaanske Kongres $25.000 foar frijmakke hie. Holpen troch in stoarm yn febrewaris 1834, dy't troch de sânbank hinne briek, wie it wurk yn 'e simmer fan dat jier genôch foardere dat in skoender fan 91 ton oant Wolf Point de rivier opfarre koe. Tsjin 1837 wie de oanlis fan 'e haven fierhinne foltôge.

Kajakkers by Wolf Point.

Yn 1848 waard it Illinois- en Michigankanaal oanlein, dat dwers troch de Chicago Portage hinne tagong joech ta de rivier de Des Plaines, dy't fia de Illinois yn ferbining stie mei de Mississippy. Dat kanaal wie it lêste en meast westlike fan in hiele rige grutte kanalen dy't op kosten fan 'e Amerikaanske federale oerheid oanlein waarden. It makke doedestiden diel út fan 'e iennichste farrûte troch binnenwetters fan New York nei New Orleans.

Doe't yn 1885 troch ekstreme drûchte de drinkwetterfoarried fan 'e stêd Chicago bedrige waard, besleat de Algemiene Assimblee fan Illinois dat men tenei drinkwetter ynnimme kinne moast út 'e Michiganmar, in ûnbidich grut swietwetterreservoir dat ommers by wize fan sprekken lyk foar de doar lei. Dat dat op dat stuit net mooglik wie, kaam om't Chicago al syn rioelwetter ûnsuvere yn 'e mar rinne liet. Yn 1887 besleat men sadwaande om 'e streamrjochting fan 'e rivier de Chicago om te draaien. Oan 'e mûning waard in daam boud, dêr't tenei wetter út 'e Michiganmar ynnommen waard, sadat de Chicago yn eastlike rjochting begûn te streamen en útmûne yn it Illinois- en Michigankanaal. It rioelwetter waard dêrmei ôffierd it lân yn, wylst it wetter fan 'e Michiganmar skjin bleau en geskikt wie om as drinkwetter brûkt te wurden. Yn 1889 waard it Illinois- en Michigankanaal, dat op syn nije funksje net berekkene wie, ferfongen troch it Chicago Sanitary en Ship Canal (CSSC), dat folle grutter wie en de rioelwetterôffier en skipfeart better oankoe. Pas yn 1900 wie it hiele projekt foltôge en wie de Chicago in rivier wurden dy't tenei fia in yngenieus systeem fan silen heuvelop streamde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.