Annie Caroline Pontifex (Charley) Fernhout-Toorop (Katwyk, 24 maart 1891 — Bergen (Noard-Hollân), 5 novimber 1955)[1] wie in Nederlânse skilderesse en litografe.
Libben
Charley Toorop is de dochter fan Jan Toorop. Har soan Edgar Fernhout, ek wol Eddy Fernhout neamd, waard ek keunstskilder. Har oare soan, John Fernhout, waard filmer en arbeide in protte op mei Joris Ivens. Charley wie de skoanmem fan de bekende fotografe Eva Besnyö dy't yn 1933 mei John Fernhout troude.
Wurk
Charley Toorop wie fan 1916 ôf lid fan de keunstnersgroep Het Signaal, dy't yngeande belibbing fan de werklikheid foarstie troch kleuren en linen swier oan te sette kleurkontrasten te brûken. Mei dêrom wurdt se wol rekkene ta de Bergenske Skoalle.
Yn 1926 gie sy nei Amsterdam, dêr't har skilderkeunst beynfloede waard troch de film. Frontaal skilderde figueren steanne los neist elkoar as wiene sy troch lampen op in filmset útljochte. Har stillibbens litte besibbenens sjen mei it syntetysk kubisme fan Juan Gris. Yn de jierren '30 begjint hja in protte frouljusfigueren, ek neakten en selsportretten yn in krêftige, realistyske styl te meitsjen. Bekend binne har grutte doek Drie generaties (1950), in selsportret, (in portretbuste fan) har heit en har soan Edgar, dêr't se wierheidsleafde en gefoel foar symbolyk yn ferienigt.
Har realisme sûnder konsesjes hat wat magysks: "Is de natuurlijke verschijning de werkelijkheid", frege sy har al yn 1917 ôf, "of is aan haar vorm alleen te betasten het meest onwerkelijke dat voor ons verschijnt? Dit onwerkelijke, wat het meest werkelijke is."
Charley Toorop wie in freondinne fan oare keunstners sa as Bart van der Leck en Piet Mondriaan. Wichtich wurk fan har hat it Kröller-Müller Museum te Otterlo op 'e noed.
It troch har ûntwurpen en fanwege har boude hûs "De Vlerken" oan de Buerweg 19 yn Bergen (Noord-Holland) stiet dêr noch altyd, al is it nei in brân, no wol mei dakpannen ynstee fan reid bedutsen.
Iepenbiere kolleksjes
- Gemeentemuseum De Haach, De Haach
- Museum Boijmans Van Beuningen, Rotterdam[2]
- Ryksmuseum Amsterdam[3]
- Siuwsk Museum, Middelburch
- Museum MORE, Gorssel
- Stedelikmuseum, Amsterdam
- Museum de Fundaasje, Swol
- Polderhûsmuseum, Westkapelle
- Museum Boijmans Van Beuningen yn Rotterdam
- Museum Kranenburgh yn Bergen
- Kröller-Müller Museum yn Otterlo
- Stedelik Museum Alkmaar yn Alkmar
- Grinzer Museum in Grins (stêd)
Literatuer
- Bosma, Marja (2008). Vooral geen principes!: Charley Toorop. Rotterdam: Museum Boijmans Van Beuningen (ISBN 978-90-6918-232-2).
- Brederoo, Nico J.B. (1982). Charley Toorop, Leven en Werken. Amsterdam: Meulenhoff/Landshoff (ISBN 90-290-8142-2).
- Bremer, Jaap B.J. (1995). Charley Toorop : werken in de verzameling van het Kröller-Müller Museum. Otterlo: Museum Kröller-Müller (ISBN 90-74453-14-7).
- Bremer, Jaap B.J. (2000). De vriendschap : Henk Chabot en Charley Toorop. Rotterdam: Chabot Museum (ISBN 90-802255-6-8 ).
- Hammachter, A.M. (1952). Charley Toorop, een beschouwing van haar leven en werk. Rotterdam: W.L. & J. Brusse.
- Helmond, Toke van (2008). Zelfportret van een liefde: Charley Toorop en Arthur Lehning. (Briefwikseling). Amsterdam: Lubberhuizen (ISBN 978-90-5937-203-0).
- Hermes, Nio (1991). Met verve: Charley Toorop, Lizzy Ansingh, Jacoba van Heemskerck, Lou Loeber, Sorella, Adya van Rees-Dutilh. Amsterdam: Furie (ISBN 90-71035-44-1).
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|