Charles William Mitchell (Newcastle, 1854 – 1903) wie in Ingelske keunstskilder dy't yn ferbân brocht wurdt mei de Prerafaëliten. Mitchell wie in tiidgenoat fan John William Waterhouse; it wurk fan beide hat oerienkomsten wat styl oanbelanget.
Mitchell skildere in tal grutte histoaryske tafrelen en ûntwurp ek mozaiken foar tsjerkegebouwen. Hy hat syn ferneamdens fral te tankjen oan it skilderij Hypatia út 1885. Dat wurk waard faaks ynspirearre troch de histoaryske roman mei deselde titel fan Charles Kingsley út 1853. It skilderij is te sjen yn de Laing Art Gallery yn Newcastle.
Galery
- Hypatia, oaljeferve op doek, 1885
- The flight of Boreas with Oreithyia, 1893
- The spirit of song
Keppeling om utens
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.