Charles Robinson (Londen, oktober 18701937) wie in Britsk yllustrator fan boeken.

Hy wie in soan fan in tekener en syn bruorren Thomas Heath Robinson en William Heath Robinson waarden en ek yllustrators. Hy gie yn de lear by in útjouwer/drukker en folge keunstles yn de jûntiid. Hy wûn in lidmaatskip fan de Royal Academy yn 1892, mar dat koe net trochgean om reden fan jildkrapte.

It earste echte boek dat er yllustrearre wie A Child's Garden of Verses (1895) fan Robert Louis Stevenson, dat goed 100 pin- en inkettekenings hat. It boek wie tige populêr, waard faak op 'en nij printe en smiet in soad jild op. Hy yllustrearre in protte mearkes en berneboeken yn syn warber libben, lykas Eugene Field har Lullaby Land (1897), Child Voices fan W. E. Cule (1899), Friedrich de la Motte Fouqué syn Sintram and His Companions (1900), Alice's Adventures in Wonderland (1907), Grimm's Fairy Tales (1910), Frances Hodgson Burnett har The Secret Garden (1911) en boeken fan Walter Copeland Jerrold en himsels.

Hy wie teffens warber as skilder, benammentlik yn syn lettere libben.

Priveelibben

Robinson boaske 1897 oan Edith Mary Favatt yn Middelseks. Sy krigen fjouwer dochters en twa soannen.

Biografy

Charles Robinson fan Leo de Freitas. Londen: Academy Editions; New York: St. Martins Press, 1976. ISBN 0-85670-277-3. ISBN 0-85670-282-X (pbk.).

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.