Carolus Johannes Franciscus (Charles) Groenhuijsen (De Jouwer, 16 april 1954) is in Nederlânsk sjoernalist en publisist.
Oplieding
Groenhuijsen groeide op yn in katolike húshâlding. Hy gie nei de middelbere skoalle yn Snits op it Magister Alvinus Gymnasium, makke dy ôf yn Zeist en twifele tusken feearts en sjoernalist, mar omdat hy net sa sterk wie yn bêta-fakken, waard it de sjoernalistyk. Groenhuijsen studearre skiednis oan de Universiteit Utert dêr't hy lid waard fan studinteferiening CS Veritas.
By syn stúdzje wurke hy by it Utrechts Universiteitsblad (1974). Yn 1975 bruts hy syn stúdzje healwei ôf omdat hy as redakteur by it ANP en de Volkskrant wurkjen gean koe. Sûnt 1977 wurke hy by deselde krante as ferslachjouwer foar Amsterdam en Utert. Yn 1983 stapte hy oer nei de NOS.
Feriene Steaten
By de NOS wie Groenhuijsen yn it earstoan algemien ferslachjouwer mar yn 1986 gie hy nei de Feriene Steaten dêr't hy Amearika-korrespondint waard foar it NOS Journaal. Hy kaam yn 1989 werom en wurke as presintator en programmamakker foar NOS-Laat (tegearre mei Maartje van Weegen) en NOVA. Groenhuijsen gie yn 1996 wer nei de Feriene Steaten, as presintator fan NOVA waard hy opfolge troch Rob Trip. As freelance-sjoernalist wie hy Amearika-korrespondint foar it NOS Journaal, NOVA, Vrij Nederland en Intermediair. As NOS-korrespondint waard hy per 1 febrewaris 2005 opfolge troch Wouter Kurpershoek. Nei 23 jier foar de NOS wurke te hawwen krige er yn 2006 dien.
Nei de NOS
In july 2006 wurket Groenhuijsen fanút in kantoar by de "Wereldomroep" yn Hilfertsom, en fanút syn hûs yn Washington, DC as kollumnist, skriuwer, sprekker en presintator. Hy skriuwt kollumns foar Kluwer. Yn 2006 brocht hy it boek Leve Nederland út. Yn 2007 publisearre hy it boek Hoera, een nieuwe president oer de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008.
Hy presintearre op telefyzje de skiednisrige Verleden van Nederland. De útstjoering foar de VPRO wei ein 2008.
Groenhuijsen wennet yn Bethesda (Maryland), krekt bûten Washington D.C.. Hy is troud en hat trije bern.
Underskiedings
- 23 jannewaris 1999 - Oan Groenhuijsen waard de twajierlikse Professor Herman Wekker Priis útrikt. De priis wie him takend foar syn jefte om allerlei aspecten van de VS, van de structuur van het staatsbestel tot en met de aard van het dagelijkse leven op straat en in de supermarkt, voor de Nederlandse kijker begrijpelijk, ja zelfs voelbaar te maken.
- 2003 - Groenhuijsen waard nominearre foar de ûnderskieding 'Beste Omroepman van het Jaar'.
- 2006 - By it 50-jierrich jubileum fan it NOS Journaal keazen de sjoggers fan it Journaal Groenhuijsen as de 'Bêste Korrespondint' dy't de nijsrubryk ea hân hie.
Bibliografy
- Live! Macht, missers en meningen van de nieuwsmakers op tv (1995; mei Ad van Liempt), ISBN 9012082382
- Oorlog in Irak; dagboek van Charles Groenhuijsen (2003), ISBN 9050186092
- Amerikanen zijn niet gek; over Bush en baseball, misdaad en miljonairs, kerken en casino's, porno en politiek (2005), ISBN 9050186602; fan dit boek ferskynde yn augustus 2008 in hielendal bywurke ferzje.
- Amerikaanse zaken (2006), ISBN 9013031145
- Leve Nederland (2006), ISBN 9050187978
- Hoera! Een nieuwe president (oer de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2008), ISBN 9789050188722, fan dit boek ferskynde yn augustus 2008 in edysje edysje.
- Lekker schrijven in m'n pyjamabroek (2008), 71 kollumns oer lefskoppers en lamsekken, thúswurkers en narders, selsstannigen en eamelsekken ISBN 978-90-13-06268-7
- President Trump: "Iedereen houdt van mij" 2015, fannijs besjoen yn 2016 doe't Trump ta presidint keazen waard. ISBN 9789460031199
- "Oh, oh Amerika: Het land dat Obama achterlaat: Over billionaires en bedelaars, campagnes en coffeeshops, Hillary en homohaat, schaliegas en seks. ISBN 9789460030260. Maart 2017 fannijs besjoene ferzje mei as ûndertitel: "Het land van Obama en Trump: Hoop en haat. Beloftes en beledigingen. Proteststemmers en praatjesmakers".
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |