Charkov
Lizzing fan Chakov yn de oblast Charkov yn de Oekraïne
FlaggeWapen
Polityk
Lân Oekraïne
Oblast Charkov
Sifers
Ynwennertal2.694.007 (2019)
Oerflak350 km²
Befolkingstichtens4.500 / km²
Hichte152 m
Oar
Stifting1654
TiidsôneEET (UTC+2)
Simmertiid(UTC+3)
WebsideSide fan de stêd Charkov

Charkov of Charkiv (Oekraynsk: Ха́рків/Charkiv, Russysk: Ха́рьков/Charkov) is de op ien nei grutste stêd fan de Oekraïne. De stêd leit yn it noardeastlik diel fan it lân yn de oblast mei deselde namme, dêr't de stêd it besjoerlik sintrum fan is.

De stêd waard yn 1654 as in lyts fort stifte en woeks yn de tiid fan it Russyske Keizerryk út ta in wichtich yndustry- en hannelssintrum.

Yn de tiid doe't de Oekraïne in sojalistyske Sovjet-republyk wie de stêd fan desimber 1919 oant jannewaris 1934 de haadstêd fan de republyk. Nei dy tiid waard Kiëv haadstêd.

Tsjintwurdich is Charkov ien fan de grutte kulturele, wittenskiplike en yndustriële sintra fan it lân mei in grut tal musea, teäters en bibleteken.

Skiednis

De stêd waard oarspronklik yn 1654 as in fêsting oanlein om û.o. dêrmei de grinzen fan it tsaristyske Ruslân te ferdigenjen yn in gebiet fan tin befolke steppegebieten, dat doedestiids de Wylde Fjilden neamd waard. De Sloboda-Oekraïne dêrom hinne waard befolke troch russyske troepen en flechtlingen út Poalen-Litauwen. De fêsting hie fral de funksje om de regelmjittige ynfallen fan de Krim-Tataren yn Súd-Ruslân ôf te slaan. Yn tiden fan frede holden de bewenners harren dwaande mei ikkerbou en ambachten. Troch it yn de rin fan de tiid feroverjen fan nije gebieten ferskoden de grinzen nei it suden en ferlear Charkov oan betsjutting as fêsting. Mar nei't de stêd yn 1765 haadstêd waard fan it gûvernemint Charkov naam de stêd ekonomysk yn belang ta.

Yn 1805 waard de Universiteit fan Charkov iepene. Troch it oansluten op it spoar en it winnen fan koal en izererts koe Charkov tsjin it ein fan de 19e iuw in wichtich yndustrieel sintrum wurde.

Yn de boargerkriich fan 1917 oant 1920 waard der tusken de partijen swier fochten yn de stêd. Yn 1918 waard Charkov de haadstêd fan de Oekraynske Sosjalistyske Sovjetrepublyk en bleau dat oant 1934. Yn 1933 hie de stêd al 833.000 ynwenners.

Ferstoarne ynwenners yn de hongersneed fan 1933

De stêd lei yn de maaitiid fan 1933 yn ien fan de gebieten dy't swier troffen waarden troch de Holodomor, de troch it stalinistyske rezjym feroarsake hongersneed. Yn in pear moanne tiid ferhongeren yn Charkov mear as 45.000 minsken. De stêd ferlear yn 1934 syn status as haadstêd oan Kiëv, mar bleau in wichtich polityk, wittenskiplik en kultureel sintrum.

Yn maart 1940 waarden yn in NKVD-finzenis yn Charkov mear as 3.000 Poalen fermoarde. It moardzjen hongen gear mei de moardpartij fan Katyn. Se waarden begroeven yn de bosken by de delsetting Pyatychatky, wat no it stedsdistrikt Kiëv yn it noarden fan Charkov is. Tsjin it ein fan de jierren 1990 waarden de oerbliuwsels oerbrocht nei it Begraafplak foar de Slachtoffers fan it Totalitarisme yn Charkov.

De oermastering fan de stêd troch de Dútsers (1941)

Charkov wie yn de Twadde Wrâldkriich strategysk tige wichtich fanwegen de wapenyndystry. Yn oktober 1941 oermasteren Dútske troepen fan it 6e leger Charkov, yn dy tiid de op trije nei grutste stêd fan de Sovjet-Uny. De ynwenners, dy't slim te lijen hân hiene ûnder de bolsjewiken, ferwolkommen de nazy's as befrijers en joegen de ienheden fan de Wehrmacht bôle en sâlt. Al gau dêrnei sette in nije terreur útein. De joaden dy't doe noch yn de stêd wennen waarden by de moardpartijen fan Drobyzkyj Jar ombrocht. Oare boargers waarden as twangarbeiders nei Dútslân transportearre. In besykjen fan de Sovjets om de stêd werom te winnen mislearre yn maaie 1942. De Dútsers loeken harren yn febrewaris 1943 werom út Charkov om in besingeling te foarren te kommen. Nei swiere gefjochten yn de tredde slach om Charkov foel de stêd yn maart 1943 wer yn hannen fan de Dútsers. By dy slach gyngen grutte dielen fan de stêd ferlern. Nei de Slach by Koersk waard Charkov op 23 augstus 1943 defintyf troch it Reade Leger ynnommen. Meiinoar binne yn de oblast Charkov 270.000 minsken troch de Dútske besetting ferstoarn. Charkov telde nei de kriich twa kampen foar Dútske kriichsfinzenen.

Nei de kriich sette de weropbou fan de stêd útein. Grutte dielen waarden yn de styl fan it sojalistyske klassisime opboud. De stêd naam in grutte flecht, yn 1954 waard in fleanfjild iepene en yn de jierren 1960 gyng it tal ynwenners oer de grins fan ien miljoen. De stêd iepene yn 1975 in metronetwurk.

De Oekraïne waard yn 1991 ûnôfhinklik en lykas yn de measte regio's fan de eardere Sovjet-Uny sakke ek de ekonomy fan Charkov yn. Tsjin it ein fan de jierren 1990 briek in bettere tiid oan.

It besjen wurdich

Sintraal leit it Frijheidsplein, in alve hektare grut plein is en tusken 1920 en 1930 oanlein is. Oan it plein steane ferskate markante bouwurken. De stêd hat in grut ferskaat oan musea en teäters.

Under de âldste monuminten fan de stêd is de stiennen katedraal fan it Foarbea-kleaster út it jier 1689. Russyske arsjitekturale eleminten wurde kombinearre mei in komposysje, dy't foar de Oekraynske trijekoepelige houten tsjerken typysk is.

Der binne ek monuminten út it ein fan de 18e iuw, lykas de yn 1771 boude Untsliepeniskatedraal en it Katarinapaleis, dat tsjintwurdich as hegeskoalle tsjinnet.

De tusken 1909 en 1913 boude Grutte Synagoge is de grutste synagoge fan de Oekraïne.

It neoklassisistyske teäter is in ûntwerp fan de ferneamde Russyske arsjitekt Konstantyn Thon.

Befolking en taal

De befolking fan de stêd bestiet foar de mearderheid út Oekraïners en Russen. Dêrnjonken wenje der lytsere minderheden lykas Armeenjers, Azerbeidzjanen, Wyt-Russen, Oezbeken en Tataren.

Fan de eartiids grutte joadske mienskip fan de stêd is sûnt de holocaust en de emigraasje fan nei 1980 net in soad mear oer.

Etnyske groep189719261939195919892001
Oekraïners25.9%38.6%48.5%48.4%50.4%62.8%
Russen63.2%37.2%32.9%40.4%43.6%33.2%
Joaden5.7%19.5%15.6%8.7%3.0%0.7%

Charkov heart ta it Russysktalige diel fan de Oekraïne. Neffens offisjele statistiken praat 66% fan de bewenners allinne Russysk. Dêroerhinne binne der ek noch in soad twatalige hûshâldings, mar neffens ynformele sifers is it tal Russysktaligen heger. Sûnt de ûnôfhinklikens fan de Oekraïne is it gebrûk fan it Oekraynsk wol tanommen. In ûndersyk fan de Oekraynske Akadeemje fan Wittenskippen fan 2011 stelde it oandiel fan de befolking mei it Oekraynsk as memmetaal op 28% fêst. Dêrfoaroer stiet lykwols in Amearikaansk ûndersyk dat útwiisde dat 95% fan de befolking fan Charkov allinne of foar de haadsaak Russysk as taal brûkt. Neffens dat lêste ûndersyk praat mar 4% fan de befolking Oekraynsk. Yn 2012 waard yn it hiele oblast Charkov, dus ynklusyf de stêd sels, Russysk as regionale taal yn it offisjele ferkear erkend. Dêrmei krige it Russysk sûnt mear as 20 jier wer in offisjele status yn Charkov.

Stedsyndieling

Stedsyndieling fan Charkov

Charkov is yn njoggen stedsdistrikten ("rayons") ferparte:

Rayon Oekraynsk Russysk
1. Rayon Cholodna Hora Холодногірський район Холодногорский район
2. Rayon Sjevtsjenko Шевченківський район Шевченковский район
3. Rayon Kiëv Київський район Киевский район
4. Rayon Moskou Московський район Московский район
5. Rayon Nemysjlja Немишлянський район Немышлянский район
6. Rayon Industrial Індустріальний район Индустриальный район
7. Rayon Sloboda Слобідський район Слободской район
8. Rayon Tsjervonosavodskyj Червонозаводський район Червонозаводский район
9. Rayon Nova Bavaria Новобаварський район Новобаварский район
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Charkiw


    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.