It neiboude Viktoriaanske Eleanor-krús op Charing Cross.

Charing Cross is de namme fan in stedsdiel yn sintraal-Londen en is it offisjele middelpunt fan Londen, Ingelân.

Charing Cross tsjut de krusing oan fan de Strand, Whitehall en Cockspur Street, justjes besuden Trafalgar Square. Fan in protte plakken yn Londen wurdt de ôfstân ta Charing Cross oanjûn. Teffens is it de namme fan in ferneamd stasjon, Stasjon Londen Charing Cross en tal fan oare ynstellings en gebouwen.

De namme stamt fan it doarpke Charing, dêr't kening Eduard I fan Ingelân yn 1291/94 in krús sette liet ta oantins fan syn ferstoarne frou Eleanor fan Kastylje: it Eleanor-krús. It krús waard yn 1647, yn de tiid fan de Ingelske Boargerkriich, fanwege it parlemint delhelle.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.