Cebu is mei 4422 km² it op acht nei grutste eilân fan de Filipinen en ûnderdiel fan de Visayas-eilannegroep. Cebu City is de grutste stêd fan it eilân en ek de haadstêd fan de provinsje Cebu. De provinsje bestiet neist it eilân Cebu út 167 lytsere eilannen yn de buert. De bewenners fan it eilân prate Cebuano. Dêrneist prate in soad minsken krektas yn de oare dielen fan it lân ek Ingelsk. It eilân Cebu is it grutste eilân fan de provinsje Cebu. Op it eilân lizze 9 stêden en 36 gemeenten.
Stêden
- Bogo
- Carcar
- Cebu City
- Danao
- Mandaue
- Naga
- Talisay
- Toledo
Gemeenten
|
|
|
Topografy en lânskip
It eilân Cebu leit yn de eilannegroep Visayas sintraal yn de Filipynske arsjipel tusken 9°25' en 11°15' noarderbreedte en tusken 124°5' en 123°13' easterlingte. De ôfstân fan Manilla oant Cebu City, midden op it eilân, is himelsbreed sa'n 570 km. Cebu hat de foarm fan in sigaar en rint oer in lingte fan 225 kilometer fan it noardeasten nei it súdwesten. De maksimale breedte fan it eilân is sa'n 35 kilometer. West fan Cebu leit it eilân Negros, beëasten leit it eilân Leyte en oan de súdeastkant leit Bohol. Om Cebu hinne lizze 167 lytsere eilantsjes. Inkele fan dy eilannen binne Mactan en Olango yn it easten, de Camotes-eilannen yn it noardeasten en Bantayan yn it noarden.
Cebu stiet bekend om de smelle kuststripen en in heuveleftich oant bercheftich binnenlân. De heuvels en bergen rinne fan noard oant súd oer de midden fan it eilân. De heechste toppen binne mear as 1000 meter heech. De gemeenten Bogo, San Remigio, Medellin en Daanbantayan yn it noardlikste puntsje binne benammen flak.
It besjen wurdich
- De Kawasan-wetterfallen, yn de bosken by Badian;
- Basilica minore del Santo Niño, Cebu City;
- Magellan's Cross, Cebu City.
- Kawasan-wetterfal
- Basilica del Santo Nino yn de stêd Cebu
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Cebu fan Wikimedia Commons. |