Casino Royale | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Ken Hughes John Huston Joseph McGrath Robert Parrish Val Guest Richard Talmadge | |
produsint | Charles K. Feldman Jerry Bresler | |
senario | Wolf Mankowitz John Law Michael Sayers Terry Southern | |
basearre op | de roman fan Ian Fleming | |
kamerarezjy | Jack Hildyard Nicolas Roeg John Wilcox | |
muzyk | Burt Bacharach | |
filmstudio | Famous Artists Productions | |
distribúsje | Columbia Pictures | |
spilers | ||
haadrollen | David Niven Ursula Andress Peter Sellers | |
byrollen | Joanna Pettet Daliah Lavi Woody Allen Barbara Bouchet Deborah Kerr Orson Welles | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Keninkryk Feriene Steaten | |
premiêre | 13 april 1967 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazjeparody | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 131 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $12 miljoen | |
opbringst | $41,7 miljoen |
Casino Royale is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeparody út 1967 oer geheim agint James Bond, dêr't in stikmannich ûnderskate regisseurs oan meiwurken. De haadrollen waarden fertolke troch David Niven, Ursula Andress en Peter Sellers, mei Joanna Pettet, Daliah Lavi, Woody Allen, Barbara Bouchet, Deborah Kerr en Orson Welles yn 'e wichtichste byrollen. De film wie hiel loskes basearre op 'e roman mei deselde namme fan Ian Fleming, út 1953. De titel ferwiist nei de namme fan it kasino dêr't de wichtichste sênes spylje.
It ferhaal folget in James Bond op jierren dy't twongen wurdt om werom te kommen út syn pinsjonearring sadat er ûndersyk dwaan kin nei de moarden op en ferdwinings fan in rige ynternasjonale spionnen. Dêrby moat er it opnimme tsjin 'e mysterieuze smjunt dr. Noah en de organisaasje SMERSH. It biedwurd fan 'e film, dat op 'e filmposter fermeld waard, wie "Casino Royale is tefolle foar ien James Bond!" Dat ferwiist nei Bond syn mûklist om ta betizing fan syn fijannen seis oare geheim aginten yn te setten dy't allegear úthâlde de echte James Bond te wêzen: bakkaratmaster Evelyn Tremble, spionne en miljonêr Vesper Lynd, Bond syn sekretaresse Miss Moneypenny (de dochter fan 'e oarspronklike Miss Moneypenny, de sekretaresse fan syn baas M), Bond syn eigen dochter mei Mata Hari Mata Bond, de karate-ekspêr Coop en de eksoatyske Finzenhâldster.
Casino Royale makket gjin ûnderdiel út fan 'e 'offisjele' James Bond-kanon fan Eon Productions, mar waard ynstee produsearre troch filmstudio Columbia Pictures. Filmprodusint Charles K. Feldman wie fan miening dat er net konkurrearje koe mei de films fan Eon, en besleat fan syn film dêrom in parody te meitsjen. Fan 'e filmkritisy krige Casino Royale oer it algemien negative resinsjes, mar hoewol't it budget eskalearre doe't almar mear regisseurs by it projekt belutsen rekken, wie de film in kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Plot
Sir James Bond is in legindarysk spion dy't al tweintich jier lyn mei pinsjoen gien is by de Britske ynljochtingetsjinst MI6. As der geheim aginten fan ferskate nasjonaliteiten fermoarde wurde of ferdwine, wurdt de kriminele organisaasje SMERSH en syn mysterieuze lieder, dr. Noah, dy't út is op 'e oerhearsking fan 'e hiele wrâld, dêr ferantwurdlik foar holden. Yn syn lânhûs wurdt Bond opsocht troch M, it haad fan MI6, dy't beselskippe wurdt troch Ransome, in fertsjintwurdiger fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, Legrand, in fertsjintwurdiger fan it Frânske Deuxième Bureau, en Smirnov, in fertsjintwurdiger fan 'e KGB, de ynljochtingetsjinst fan 'e Sovjet-Uny. Mei syn fjouweren steane dy der by him op oan om wer oan it wurk te gean om ôf te weven mei SMERSH.
Dêr fielt Bond lykwols neat foar. Hy is opstapt nei't er syn troch it lot bedoarne wiere leafde fûn hie yn Mata Hari, en hat sûnt mei ferachting tasjoen hoe't syn mei gimmicks oerladen opfolgers syn identiteit oernommen en syn goede namme te grabbel goaid hawwe. Dat, hy stegeret it fersyk fan syn gasten ôf. As dúdlik wurdt dat se him net op oare gedachten bringe kinne, lit M in mortieroanfal op it lânhûs útfiere, dat dêrby ferwoastge wurdt. Sa hopet er Bond yn beweging te krijen. Sels komt M lykwols by dy oanfal om.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun. As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Neitiid reizget Bond ôf nei Skotlân om it stoflik omskot fan M, dy't eins lord McTarry hiet, werom te bringen by syn roujende widdo, lady Fiona McTarry. Wat er net wit, is dat de echte lady McTarry en har hiele húshâlding ûnderwilens ferfongen binne troch aginten fan SMERSH. It snoade plan fan SMERSH is om Bond syn reputaasje fan in selibatêre hear fan stân om sjippe te helpen troch in swaarm tsjeppe agintes op him ôf te stjoeren dy't trochgean moatte foar de fiif dochters fan McTarry. Bond lit him lykwols net sa maklik ferliede, en aginte Mimi, dy't trochgiet foar lady McTarry, rekket sa fereale op him dat se oerrint en him helpt om it komplot tsjin him te oerwinnen. As er har de hurde wierheid fertelt dat har leafde ûnbeäntwurde is, lit se har bestean fan spionaazje en misdie efter har om yn it kleaster te gean en non te wurden.
Nei't er ûnderweis werom nei Londen in moardoanslach fan SMERSH ûntrûn is, wurdt Bond by oankomst befoardere ta de nije M, as haad fan MI6. Yn syn nije funkje komt er oan 'e weet dat it meastepart fan 'e Britske spionnen ûnderwilens eliminearre is troch SMERSH, mei't se allegear yn 'e fâle rûn binne troch harren ûnfermogen om seks te wjerstean. Der wurdt him ek ferteld dat de "seksmaniak" oan wa't de namme 'James Bond' oerdroegen waard nei't hy mei pinsjoen gien wie, de geheime tsjinst ferlitten hat om in karriêre as akteur te begjinnen. Dêrop stelt Bond in dreech oefeningsprogramma yn om manlike geheim aginten te trainen yn it wjerstean fan 'e ferliedings fan tsjeppe froulju. Hy beslút ek dat der mear as ien geheim agint James Bond mei de koadenamme 007 komme moat om SMERSH yn betizing te bringen. Dêrta rekrutearret er:
- de fan him ferfrjemde Mata Bond, syn eigen tsjeppe dochter mei Mata Hari;
- syn sekretaresse Miss Moneypenny, de tsjeppe dochter fan 'e oarspronklike Miss Moneypenny;
- Coop, in karate-ekspêr dy't as earste it anty-ferliedingstrainingsprogramma trochrûn hat;
- in eksoatyske geheim aginte dy't 'de Finzenhâldster' neamd wurdt;
- Vesper Lynd, wrâlds rykste en ferliedlikste geheim aginte;
- en Evelyn Tremble, in bakkaratmaster dy't in net te ferslaan spylsysteem ûntwurpen hat.
Bond wol Tremble ynsette om 'e SMERSH-agint Le Chiffre te ferslaan by in gokspul yn it Casino Royale. Le Chiffre hat nammentlik jild efteroer drukt fan SMERSH en besiket dat op wanhopige wize oan te suverjen foar't syn dieverij útkomt en hy op befel fan dr. Noah eksekutearre wurdt.
Nei oanlieding fan in oanwizing dy't er fan aginte Mimi krigen hie, stjoert Bond syn dochter Mata nei West-Berlyn, dêr't hja ynfiltrearret yn 'e Ynternasjonale Memmehelp, in au pairtsjinst dy't in fasade is foar in trainingssintrum fan SMERSH. Dêr ûntdekt se in plan om kompromittearjende foto's fan lieders út 'e Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, de Sovjet-Uny en de Folksrepublyk Sina by opbod te ferkeapjen op in 'keunstfeiling'. Dat is in alternatyf plan wêrmei't Le Chiffre oan jild hopet te kommen. Mata ferneatiget lykwols de foto's, sadat him neat oars rest as it bakkaratspul.
Tremble arrivearret ûnderwilens yn it Casino Royale ûnder begelieding fan Lynd, dy't it besykjen fan 'e SMERSH-aginte Miss Goodthighs om him te ferlieden mislearje lit. Letter dy jûns beächtet Tremble Le Chiffre yn it kasino. Hy komt ta it besef dat Le Chiffre in ynfrareadsinnebril brûkt om falsk te spyljen. Lynd stelt dêrnei de sinnebril, sadat Tremble Le Chiffre ferslaan kin by in spultsje bakkarat. Neitiid wurdt Lynd lykwols bûten it kasino ûntfierd troch Le Chiffre en syn trewanten, en Tremble treft itselde lot as er der efteroan giet om har te befrijen. Le Chiffre, dy't bûge of barste it prizejild besette moat, martelet Tremble mei hallusinogene drugs om út te finen wêr't er de sjek mei it jild brocht hat. Ear't er Tremble oan it praten krije kin, kringe aginten fan SMERSH de basis fan Le Chiffre binnen en deadzje him as straf foar syn stellerij. Lynd rêdt Tremble, mar fermoardet him dêrnei ûnferwachts.
Yn Londen wurdt Mata Bond ûntfierd troch SMERSH yn in fleanende skûtel. Dêrop reizgje Bond en Moneypenny ôf nei it Casino Royale om har te rêden. Hja ûntdekke dat it kasino boppe-op it ûndergrûnske haadkertier fan dr. Noah stiet, en dat dr. Noah nimmen oars is as Jimmy Bond, de omkesizzer fan James Bond dy't by MI6 wei gien en nei SMERSH oerrûn is út bernige opstannigens tsjin syn perfekte omke. Jimmy bringt oan Bond syn snoade plan út om troch biologyske oarlochfiering alle froulju op 'e wrâld byldmoai te meitsjen en alle mannen dy't langer binne as 1.40 m te deadzjen. Dêrtroch soed er sels oerbliuwe as de 'grutte man' , dy't alle moaie froulju kriget. Hy hat de Finzenhâldster al finzen nommen en besiket har oer te heljen om syn partner te wurden. Sy stimt dêryn ta, mar dat blykt in list te wêzen om him safier te krijen dat er ien fan syn eigen 'atoomtiidpillen' ynnimt, wat him yn minsklike atoombom feroaret.
It slagget Bond, Moneypenny, Mata en Coop om út harren sellen te ûntsnappen en har fjochtsjendewei in paad te klearjen nei it kantoar fan 'e kasinodirekteur. Dêr fynt Bond bewiis dat Lynd in dûbelaginte is dy't eins foar SMERSH wurket. It kasino wurdt bestoarme troch Britske geheim aginten en der ûntjout him in sjitpartij. Bond ropt syn bûnsgenoaten op om helptroepen te stjoeren en dy arrivearje yn 'e foarm fan 'e Amerikaanske kavalery, in stamme Yndianen, it Frânske Frjemdlingelegioen, parasjutisten fan 'e Feriene Naasjes en de Keystone Cops, wat inkeld ta mear gaos liedt. Underwilens hat Jimmy de hik krigen en eltse hik bringt him tichter by it ôfgean fan 'e atoomtiidpil. Lang om let giet de pil ôf, wêrby't it kasino de loft yn giet en alle oanwêzigen omkomme. Bond en al syn aginten ferskine neitiid oan 'e Himelpoarte, wylst Jimmy omleech giet nei de hel.
Rolferdieling
- haadrollen
personaazje | akteur/aktrise |
MI6-agint James Bond | David Niven |
Vesper Lynd / James Bond | Ursula Andress |
Evelyn Tremble / James Bond | Peter Sellers |
- byrollen
personaazje | akteur/aktrise |
Mata Bond / James Bond | Joanna Pettet |
de Finzenhâldster / James Bond | Daliah Lavi |
Jimmy Bond / dr. Noah | Woody Allen |
Miss Moneypenny / James Bond | Barbara Bouchet |
aginte Mimi / lady Fiona McTarry | Deborah Kerr |
Le Chiffre | Orson Welles |
Coop / James Bond | Terence Cooper |
CIA-agint Ransome | William Holden |
Deuxième Bureau-agint Legrand | Charles Boyer |
M, haad fan MI6 / lord McTarry | John Huston |
KGB-agint Smernov | Kurt Kasznar |
opnommen stim fan Jimmy Bond | Valentine Dyall |
Miss Goodthighs | Jacqueline Bisset |
Carlton Towers | Bernard Cribbins |
Polo | Ronnie Corbett |
Frau Hoffner | Anna Quayle |
Q, kertiermaster fan MI6 | Geoffrey Bayldon |
assistint fan Q | John Wells |
Eliza | Gabriella Licudi |
Buttercup | Angela Scoular |
Heather | Tracey Crisp |
Peg | Elaine Taylor |
Meg | Alexandra Bastedo |
Hadley | Derek Nimmo |
himsels | George Raft (cameo) |
Frânsk lezjionêr | Jean-Paul Belmondo (cameo) |
kasinodirekteur | Colin Gordon |
MI5-agint / portier | John Bluthal |
kassier | Graham Stark |
ynspekteur Mathis | Duncan Macrae |
Britsk legerofsier | Richard Wattis |
fertsjintwurdiger fan Le Chiffre | Vladek Sheybal |
doedelsekspiler #1 | Percy Herbert |
doedelsekspiler #2 | Peter O'Toole |
Fang-liedster | Tracy Reed |
Chic | Chic Murray |
meunster fan Frankenstein | David Prowse |
John | Jonathan Routh |
wachtkommandant | Jeanne Roland |
Produksje en distribúsje
Foarskiednis
Yn maart 1955 ferkocht de Britske skriuwer Ian Fleming de filmrjochten op Casino Royale (1953), de earste roman út syn James Bond-romansearje, oan filmprodusint Gregory Ratoff foar $6.000 (oanpast foar ynflaasje bedroech dat yn 2019 $57.265). Dat wie nei't Fleming earder deselde roman ferkocht hie oan CBS om der in tillefyzjefilm op te basearjen. (It resultaat dêrfan wie Casino Royale út 1954.) Ratoff frege Lorenzo Semple jr. om it boek om te wurkjen ta in ferfilmber senario, mar beiden fûnen se Bond mar in stom personaazje en folslein ûnoannimlik. Neffens Semple soe Ratoff inkeld ljocht yn it projekt sjoen hawwe troch fan Bond in frou te meitsjen. Hy soe aktrise Susan Hayward op it each hân hawwe om 'Jane' Bond te spyljen. Ratoff trof tariedings foar de ferfilming, mar it slagge him net om 'e finansiering rûn te krijen. Doe't er yn desimber 1960 ferstoar, kaam it projekt stil te lizzen.
Ympressario en filmprodusint Charles K. Feldman, dy't Ratoff by syn libben fertsjintwurdige hie, kocht neitiid de filmrjochten op Casino Royale fan 'e widdo Ratoff. In oare filmprodusint, Albert R. Broccoli, dy't letter mei Harry Saltzman de 'kanonnike' James Bond-films fan Eon Productions meitsje soe, hie ek belangstelling foar de filmrjochten op Casino Royale en besocht se fan Feldman oer te nimmen, mar dy woe se net kwyt. Feldman en regisseur Howard Hawks, dat in freon fan him wie, hiene nammentlik in plan foar in eigen ferfilming, mei Leigh Brackett as senarioskriuwer en Cary Grant yn 'e rol fan James Bond. Nei't se seagen hoe'n grut súkses oft Dr. No wie, de earste film fan Eon Productions, dy't yn 1962 útkaam, besleaten se mei harren plannen troch te setten.
Tsjin 1964, doe't er al krapoan $550.000 fan syn eigen fermogen yn it projekt ynvestearre hie, besocht Feldman ta oerienstimming te kommen mei Broccoli en Saltzman foar in ko-produksje mei Eon en United Artists. Doe't dat op 'e non rûn om't se it net iens wurde koene oer de winstferdieling, frege Feldman akteur Sean Connery, dy't yn 'e iere Bond-films fan Eon Productions de rol fan James Bond spile, om dat ek te dwaan yn syn film. Dat ketste ôf op 'e salariseask fan Connery, dy't $1 miljoen bedroech. Feldman kaam ta de konklúzje dat er net opbokse koe tsjin Eon as er fan Casino Royale in serieuze spionaazjefilm makke. Dêrom besleat er der ynstee in parody op dat sjenre fan te meitsjen. Hy bea syn projekt oan by Columbia Pictures fia in kladsenario dat skreaun wie troch Ben Hecht. De studio besleat yn it projekt te stappen en de finansiering te berêden.
Produksje
It senario fan Casino Royale ûndergie in lange skiednis fan werskriuwings. Fan it wurk fan Ben Hecht, dy't yn april 1964 hommels oan in hertoanfal ferstoar noch foar't er syn kladferzje fan it skript by Feldman ynleverje kinnen hie, bleau úteinlik frijwol neat oer. De trije 'offisjele' senarioskriuwers (om't se in fermelding yn 'e begjintitels fan 'e film krigen) wiene Wolf Mankowitz, John Law en Michael Sayers, mar ek Terry Southern wurke deroan mei, wylst Woody Allen, Peter Sellers, Val Guest, Joseph Heller en Billy Wilder der allegear eleminten oan bydroegen. Heller wurke der begjin 1965 in blaumoandei oan, nei't Feldman him $150.000 foar syn tsjinsten bean hie. Letter beskreau er dat barren yn it artikel How I found James Bond, lost my self-respect and almost made $150,000 yn my spare time ("Hoe't ik James Bond fûn, my selsrespekt ferlear en hast yn myn frije tiid $150.000 fertsjinne").
By Casino Royale wiene fiif ûnderskate regisseurs belutsen, dy't allegear in ferskillend segmint fan 'e film beävensearren, wylst stuntkoördinator Richard Talmadge as ko-regisseur behelle wie yn 'e einsêne. Neffens Feldman regissearre John Huston 38 minuten fan 'e film, Val Guest 26 minuten, Ken Hughes 25 minuten, en Joseph McGrath en Robert Parrish elts 20 minuten. Feldman en Jerry Bresler wiene as produsinten by it projekt belutsen foar harren filmstudio Famous Artists Productions. It budget fan $12 miljoen (oarspronklik begrutte op $8,5 oant $9,5 miljoen) waard finansierd troch Columbia Pictures. De film wie in Amerikaansk-Britske ko-produksje. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Jack Hildyard, Nicolas Roeg en John Wilcox, wylst de filmmuzyk waard fersoarge troch Burt Bacharach.
Opnamen
De opnamen foar Casino Royale setten op 11 jannewaris 1966 útein. De film waard foar it meastepart opnommen yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire, de Shepperton Studios yn Surrey en Twickenham Film Studios yn Londen. Op lokaasje waard yn Londen filme op it plein Trafalgar Square en foarhûs by 10 Downing Street, de amtswente fan 'e Britske premier. It Kastiel fan Mereworth yn Kent gie troch foar it lânhûs fan Bond dat oan it begjin fan 'e film ûnder fjoer nommen wurdt mei mortieren. De measte opnamen yn it Skotske kastiel fan 'e famylje McTarry fûnen eins plak yn it Kastiel fan Killeen, yn Ierlân, hoewol't de efterfolging as Bond it kastiel ferlit, wol opnommen waard yn Skotlân, by it doarp Killin yn Perthshire. Oare sênes waarden filme yn it Ingelske greefskip Berkshire, by Old Windsor en Bracknell.
Fan 'e seis regisseurs hie John Huston de lieding oer de sênes yn it lânhûs fan Bond en it kastiel yn Skotlân. Ken Hughes regissearre de sênes mei Mata Bond yn Berlyn. Joseph McGrath en Robert Parrish wiene elts ferantwurdlik foar de helte fan 'e sênes yn it kasino mei Peter Sellers, Ursula Andress en Orson Welles. Val Guest die de sênes mei Woody Allen en de sênes mei David Niven nei syn weromkear út Skotlân. Hy krige ek de ûntankbere taak om it wurk fan 'e ûnderskate regisseurs oaninoar te riuwen, dêr't him de titel fan 'koördinearjend regisseur' foar oanbean waard. Guest, dy't bang wie dat de gaoatyske plot syn karriêre leechlizze soe, betanke dêrfoar; ynstee waard it koördinearjende diel fan syn funksje yn 'e begjintitels omskreaun as "bykommende sênes". Richard Talmadge, ta einbeslút, hie de lieding oer de grutte fjochtpartij yn it kasino dy't de klimaks fan 'e film foarmet.
Guon ferneamde akteurs waarden op 'e filmposter neamd, hoewol't se yn Casino Royale mar in lytse cameo hiene. George Raft en Jean-Paul Belmondo wiene bgl. allebeide inkeld eefkes yn 'e klimaktyske fjochtpartij te sjen. (Raft docht dêr de munt-toss út Scarface út 1932, dy't syn gimmick wie, wêrnei't er himsels prompt deasjit mei in efterútsjittend pistoal. Belmondo is de ofsier fan it Frânske Frjemdlingelegioen dy't by de slaanderij ferlet hat fan in Ingelsk wurdboek om it wurd "au!" oer te setten.)
Casino Royale wie in rommelige produksje, en dat waard noch helte minder makke troch ien fan 'e haadrolspilers, de eigensinnige akteur Peter Sellers. Hoewol't dy de rol fan Evelyn Tremble spile, de bakkaratmaster dy't Le Chiffre ferslacht by it gokspul yn it kasino, wegere er, útein by inkele shots, om tagelyk op 'e filmset te wêzen as Orson Welles, dy't de rol fan Le Chiffre fertolke. De reden dêrfoar is net alhiel dúdlik; in protte boarnen wolle hawwe dat Sellers him yntimidearre fielde troch Welles, en Welles soe net folle op hân hawwe mei "dy amateur" Sellers. Los fan profesjonele wriuwing bestiene der tusken harren lykwols ek persoanlike swierrichheden. Neffens in ferhaal soene dy feroarsake wêze trochdat Sellers him tekoart dien fielde nei in besyk oan 'e set troch prinsesse Margaret, dy't er persoanlik koe, mar dy't inkeld oandacht foar Welles hân hawwe soe.
Guon biografyen fan Sellers hâlde út dat hy de rol fan Bond serieus spylje woe, en dat er grutte argewaasje hie fan it beslút om fan Casino Royale in parody te meitsjen. Syn biograaf Roger Lewis hold sels út dat Sellers oanhâldend syn eigen dialooch werskreau en sênes ymprovisearre om syn personaazje serieuzer oerkomme te litten. Dat strykt mei it feit dat de iennichste dielen fan 'e film dy't deunby it ferhaal fan Fleming bliuwe, de kasinosênes mei Sellers en Welles binne. It hâlden en dragen fan Sellers boaze almar fierder oan, en hy wie dagen en soms sels wiken efterinoar ôfwêzich. Doe't regisseur Joseph McGrath, dy't in freon fan him wie, him dêrop oanspriek, krige dy fan Sellers in terwinkel. Uteinlik ferliet Sellers de produksje foargoed foar't al syn sênes opnommen wiene. Neitiid mocht Val Guest besykje om fan 'e film in rinnend ferhaal te meitsjen sûnder de ûntbrekkende sênes mei Sellers. It resultaat wie in film dêr't dúdlik hjir en dêr gatten yn falle, trochdat guon wichtige foarfallen net sjen litten wurde, trochdat der abrupte spronkjes makke wurde fan 'e iene nei de folgjende sêne en trochdat op guon plakken yn 'e film dúdlik bylden mei Sellers ynfoege binne, dy't filme wiene foar oare sênes.
Distribúsje
De distribúsje fan Casino Royale waard fersoarge troch Columbia Pictures. De film gie op 13 april 1967 yn Londen yn premiêre, en op 28 april nochris yn New York. Dêrnei iepene er op 28 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde yn 1967 by platemaatskippij Colgems. Casino Royale waard yn 1989 foar it earste útbrocht as VHS-keapfideo, yn 2002 op dvd en yn 2011 op blu-ray.
Untfangst
Fan 'e filmkritisy krige Casino Royale oer it algemien negative resinsjes. In protte resinsinten wiisden op 'e gaoatyske plot. Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times skreau: "Dit is mooglik de gemaksuchtichste film ea makke." It Amerikaanske tydskrift Time hie it oer "in ynkoherinte en fulgêre vaudeville," wylst Variety de film omskreau as "in gearklûntering fan sljochtsinnige sitewaasjes, inside jokes en special effects, dy't it ûntbrekt oan dissipline en gearhing."
Yn The New York Times brocht Bosley Crowther wol guon positive dingen oer Casino Royale op 't aljemint. Sa priizge er it "flugge begjin" en de sênes oant it bakkaratspul tusken Bond en Le Chiffre ta. Fan dat punt ôf, sa fûn er, waard it skript ferfeelsum en werheljend en kaam it fol te sitten mei klisjees fanwegen it "wylde en yn it wylde wei tafoegjen fan inside jokes en útwrydske grappen," resultearjend yn in fierstente lange spyldoer.
Yn 1986 skreau Danny Peary yn syn boek Guide for the Film Fanatic: "It is dreech om te leauwen dat we yn 1967 echt hege ferwachtings hiene fan dizze saneamde James Bond-parody. Doe wie it in teloarstelling; no is it in kuriositeit, mar it is noch altyd like dreech om trochhinne te kommen." Yn 2008 skreau Leonard Maltin: "[De] film is freeslik ûngelyk – soms grappich, faak net." Andrea LeVasseur fan AllMovie fûn Casino Royale yn 2012 lykwols "de oarspronklike ultime spionaazjeparody", hoewol't it ek in "freeslike, healwize ramp" wie. Mar de "frijwol ûnmooglik te folgjen plot" makke de film neffens LeVasseur krekt "in satire fan 'e heechste graad", mei't de plots fan serieuze spionaazjefilms faak ek amper nei te kommen binne.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Casino Royale in leech goedkarringspersintaazje fan 25%, basearre op 40 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[De film] is in healwize, datearre parody fol spionaazjefilmklisjees en fergriemt syn stjerrecast oan in swalkjend skript dat foar it meastepart frij fan laitsjen is." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Casino Royale in goedkarringspersintaazje fan 48%, basearre op 11 resinsjes.
Resultaat
Opbringst
Casino Royale brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $22,7 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $19,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $41,7 miljoen (omrekkene nei jild fan 2019 soe dat $320 miljoen wêze). Ofset tsjin it budget fan $12 miljoen betsjut dat in winst fan $29,7 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Nettsjinsteande de minne resinsjes wie Casino Royale dêrmei yn Noard-Amearika de op tolve nei meast opbringende film fan 1967. Orson Welles skreau it súkses ta oan in slûchslimme marketingkampanje dy't gebrûk makke fan in neakene, tatoeëarre frou op 'e filmposter.
Prizen
It liet The Look of Love, songen troch Dusty Springfield, dat diel útmakke fan 'e soundtrack fan Casino Royale, waard yn 1968 nominearre foar de Oscar foar bêste orizjinele liet, mar ferlear fan Talk to the Animals út Doctor Dolittle. De soundtrack fan Burt Bacharach waard ek nominearre foar in Grammy Award. Kostúmûntwerpster Julie Harris waard foar har wurk oan Casino Royale nominearre foar de BAFTA foar bêste kostúmûntwerp.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
James Bond (filmsearje) | |
---|---|
films fan Eon Productions | |
mei Sean Connery | Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971) |
mei George Lazenby | On Her Majesty's Secret Service (1969) |
mei Roger Moore | Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985) |
mei Timothy Dalton | The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989) |
mei Pierce Brosnan | GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002) |
mei Daniel Craig | Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021) |
films fan oare studio's | |
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983) |