Carlo de Leeuw | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme | Carlo de Leeuw | |
bynamme | Slangeminsk út Rotterdam | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 12 desimber 1960 | |
berteplak | Rotterdam | |
stjerdatum | 13 febrewaris 2020 | |
stjerplak | Rotterdam | |
klupskiednis | ||
posysje | middenfjild | |
jeugdteams | ||
1975-1976 1976-1977 | SBV Excelsior Feyenoord | |
profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
1978–1983 1982–1983 1983–1986 1986 1986–1989 1989–1991 1991–1992 1992–1993 1993–1994 | Feyenoord SBV Excelsior SC Cambuur SBV Excelsior SC Cambuur FC Eindhoven FC Volendam FC Eindhoven Witgoor Dessel | 45 (7) 30 (7) 77 (10) 12 (2) 95 (12) 60 (3) 22 (2) 23 (3) - (-) |
Carlo de Leeuw (Rotterdam, 12 desimber 1960 - dêre 13 febrewaris 2020) wie in Nederlânsk proffuotballer.
Karriêre
De Leeuw syn karriêre begûn yn it seizoen 1975-1976 by Excelsior. It seizoen dêrnei makke er de oerstap nei Feyenoord, dêr't er fjouwer seizoenen efterinoar fuotballe. Hy kaam in hurtsje werom by Excelsior en spile dêrnei tusken 1983 en 1989 seis seizoenen by de Ljouwerter fuotbalklup Cambuur. Syn bynamme by Cambuur wie it Slangeminsk út Rotterdam en hy waard trije kear útroppen as foarhoedespiler fan it jier. De Leeuw wie in tûke technysk bejeftige spiler, mar mentaal net al te sterk. Hy sette yn totaal 22 doelpunten foar Cambuur. De Leeuw spile dêrnei ien seizoen by FC Eindhoven, ien by FC Volendam en eindige syn karriêre by Eindhoven in 1993. Op in reüny fan âld-Cambuurspilers yn 2007 waard er útroppen ta bêste middenfjilder fan alle tiiden.
Sûnt 2000 wie er materiaalfersoarger by it Nederlânsk alvetal en Feyenoord. Hy krige kanker oan de tonge, wêr't er yn de âldens fan 59 jier oan ferstoar. Hy lit in frou en twa dochters nei.
Earelist
- Feyenoord
- KNVB beker: 1979/80, 1980
As materiaalman
Kompetysje | ||||
---|---|---|---|---|
Aantal | Jierren | |||
Feyenoord | ||||
Earedifyzje | 1x | 2016/17 | ||
KNVB beker | 2x | 2015/16, 2017/18 | ||
Johan Cruijff Skaal | 2x | 2017, 2018 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|