Carl E.M.H. Weber (Keulen, 19 oktober 1820 - Roermond, 21 maart 1908) wie in Dútsk arsjitekt dy't foaral yn Nederlân arbeide hat. Hy is fral fan belang om reden fan syn tsjerken yn neogoatyske en neo-romanogoatyske styl.
Yn it earstoan wurke Weber in neogoatyske styl, mar yn tsjinstelling ta Pierre Cuypers, mei wa't er oparbeide hat, kaam it him minder krekt wat styl oanbelange. Om 1880 hinne makke Weber ûntwerpen yn neo-romanogoatyske styl. Weber's lêste wurk wie it ûntwerp út 1893 foar in toerpunt foar de katedraal fan Roermond. Dêrnei krige hy lêst fan de eagen en koe er syn wurk net mear dwaan.
Weber boude totaal 33 tsjerken, ien dêrfan stie yn Frjentsjer; in protte binne wyls ferdwûn.
- Sint-Bavotsjerke yn Raamskerk
- St. Antonius Abttsjerke yn Overasselt
Literatuer
- Helvoort, H. van, De kerken van C. Weber, (1974)
- Broek, C. van den, Leven en werk van Carl Weber (1820-1908), (1988)
Sjoch ek
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.