Carl Friedrich Gauß

Carl Friedrich Gauss (oarspronklik yn it Dútsk mei in ß, dus Gauß) (Brunswyk, 30 april 1777Göttingen, 23 febrewaris 1855) wie in Dútsk wiskundige en natuerkundige, dy't in tige wichtige bydrage levere hat oan in grut tal dielgebieten fan de wiskunde en de eksakte wittenskippen. Dêrûnder falle seker de getalteory, statistyk, analyze, differinsjaalmjitkunde, geodesy, elektrostatika, astronomy en de optika.

Gauss hie in opmerklike ynfloed op in soad dielgebieten binnen sawol de wiskunde as oare eksakte wittenskippen. Hy wurdt soms de prins fan de wiskunde neamd. Gauss wurdt sjoen as ien fan de meast ynfloedrike wiskundigen út de skiednis. Gauss referearde oan de wiskunde as "de keninginne fan de wittenskippen".

Gauss wie in wûnderbern. Op jonge leeftiid joech hy al tekenjen fan grutte oanlis op it mêd fan rekkenjen en letter wiskunde. Syn earste baanbrekkende wiskundige ûntdekkingen die hy al doe't hy noch in tsiener wie. Syn haadwurk, de Disquisitiones Arithmeticae foltôge hy yn 1798, op 21-jierrige leeftiid. Dit wurk wie fan fûneminteel belang yn de konsolidaasje fan de getalteory en jout oant hjoed de dei foarm oan dit dielgebiet fan de wiskunde.

Wittenskiplik wurk

Hy levere as earste in slutend bewiis fan de haaddstelling fan de algebra. Gaus betocht de kwadratuerformule fan Gauss om in yntegraal op de bêste manier te benaderjen. Hy wie de grûnlizzer fan de modulusrekkening. Hy levere sa in formule om de datum fan Peaske te berekkenjen út it jiertal. Hy bewiisde ek it lemma fan Gauss. Yn 1976 bewiisde hy as earste de wet fan de kwadratyske wjersidigens, dy't yn 1783 troch Leonhard Euler opsteld wie. Hy betocht it gaussfjild fan komplekse getallen x +dy waêryn de fjouwerkantswoartel fan -1, -2, -3, -7, -11, -19, -43, -67 of -163 foarstelt en x en y rasjonale getallen, dus breuken. Yn dit fjild ûndersocht hy de gaussiaanske priemgetallen. De normale ferdieling út de kânsrekkening wurdt ek wol gaußferdieling of gaussyske ferdieling neamd. De grafyk fan de normale ferdieling wurdt ek oantsjutten as gausskurve of klok fan Gauss. De stelling fan Gauss is belangryk foar de wiskundige ûnderbouwing fan de natuerkunde, benammen de elektrostatika en de hydrodynamika. Nei Gauss is ek in - wyls ferâldere - ienheid fan magnetyske flukstichtheid neamd, de gauss. De nije ienheid is de tesla, neamd nei de elektrotechnikus en útfiner Nikola Tesla, wêrby't 1 gauss lyk stiet oan 10-4 tesla.

Anekdoates

Oer de markante persoanlikheid fan Gauss binne troch de jierren hinne in tal anekdoates bewarre bleaun.

  • Op 3-jierrige leeftiid soe hy in rekkenfout fan syn heit ferbettere hawwe.
  • Op it earste tentamen dat hy organisearre slagge mar ien studint: August Ferdinand Möbius. Gauss stie letter ek yn foar de oplieding fan wiskundigen lykas Riemann.

Dizze anekdoates binne werom te finen yn it boek "Die Vermessung der Welt" (Ned. oersetting "Het meten van de wereld", 2006) dy't de Dútske auteur Daniel Kehlmann yn 2005 skreau oer Gauss en syn tiidgenoat en wrâldreizger Alexander von Humboldt, yn 2006 it bêst ferkochte boek yn Dútslân.

Bibliografy

  • 1799: Dissertaasje oer de Haadstelling fan de algebra
  • 1801: Disquisitiones Arithmeticae oer kwadratyske residuen
  • 1809: Theoria Motus Corporum Coelestium in sectionibus conicis solem ambientium (Teory fan de beweging fan himellichems)
  • 1827: Disquisitiones generales circa superficies curvas Oer krûme flakken)
  • 1843/44: Untersuchungen über Gegenstände der Höheren Geodäsie, diel 1 oer geodesy)
  • 1846/47: Untersuchungen über Gegenstände der Höheren Geodäsie, diel 2
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.