- Dizze side giet oer de oanhingwein 'caravan'. Foar oare betsjuttings, sjoch: caravan (betsjuttingsside).
In caravan is in oanhingwein yn 'e foarm fan in mobyl fakânsjehúske op tsjillen, dy't mei help fan in lûkheak oan 'e efterkant fan in persoane-auto befêstige wurde kin. It wurd 'caravan' is in lienwurd út it Ingelsk, mar giet werom op it Perzyske کاروان, kārawān, dêr't ek it wurd karafaan út fuortkomt. Hoewol't it gebrûk fan caravans foar de measte eigners beheind is ta de fakânsjes, wenje guon der permanint yn. Dêrby giet it lykwols hast altyd om in tydlike wenoplossing fanwegen in ferbouwing oan it fêste hûs of omreden fan finansjele swierrichheden. Oars is it mei lju dy't foar har wurk oanhâldend reizgje moatte, lykas sirkusartysten en merkefolk. Foar sokken ferfangt de caravan it fêste hûs folslein. Lju dy't gjin caravan besitte, sjogge der faak op del. Sa is de denigrearjende beneaming "sleurhutte" yn gebrûk kommen. Nettsjinsteande dat is de caravan yn Nederlân noch altyd ien fan 'e populêrste fakânsje-akkomodaasjes.
Mei caravans kin men telâne op de measte kampearterreinen, dêr't men tydlik of permanint in steanplak hiere kin. Guon caravans binne sa grut dat se net efter de auto op 'e iepenbiere wei ferfierd wurde kinne; sokken wurde steancaravans neamd. Dy moatte ferpleatst wurde troch in transportbedriuw en bliuwe permanint op harren steanplak stean. Oan 'e oare kant fan it spektrum hat men de optearcaravans, dy't besteane út in mânske tinte dy't opteard wurde kin yn in lyts plat oanhingweintsje. Yn Nederlân meie caravans net foar langere tiid oan 'e iepenbiere wei parkearre wurde. Dêrom hiere de measte caravaneigners winterdeis in steanplak yn in caravanstalling, dy't faak rund wurdt troch in pinsjonearre boer of immen oars dy't oer in grutte opslachgelegenheid beskikt dy't nearne oars foar brûkt wurdt.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|