De Fjadrárgljúfur, yn Iislân.

In kleau, ravyn of yn it Ingelsk canyon is in djippe, steile en relatyf smelle delling, dy't ornaris oer in geologyske tiidsskaal troch in wetterstream yn it lânskip útsliten is. Sadwaande streamt der oer de boaiem fan in kleau almeast in rivier of beek. De wanden oan wjerssiden fan 'e kleau binne kliffen. Mei de beneaming 'kleau' kin dêrnjonken ek in leechte tusken twa berchtoppen oantsjut wurde, sa't gauris foarkomt yn berchtmen as de Alpen, de Rocky Mountains, de Andes en de Himalaya. Kleauwen liene har treflik foar de oanlis fan keardammen foar de opwekking fan wetterkrêftenerzjy. Fierders foarmet in kleau faak de iennichste (relatyf maklik) begeanbere rûte troch in berchtme, wat him fan grut strategysk belang meitsje kin.

Wei en rivier troch Meiringspoarte, yn Súd-Afrika.

De langste kleauwen fan 'e wrâld binne:

Kleauwen komme ek op oare himellichems as de Ierde foar. De grutste kleau fan it hiele sinnestelsel is de Valles Marineres op Mars. Fierders binne ek de 20 km djippe ravinen op 'e lytse moanne Miranda (fan 'e planeet Uranus) opfallend, mei't dy moanne mar in diameter hat fan 471 km en de djipte fan 'e ravinen dêre dus rom 4,2% fan yn beslach nimt.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.