Dirck Rafaëlssoan Camphuysen (Garkum, 1586 - Dokkum, 19 july 1627) wie in ferneamd dichter, predikant en tinker.
Camphuysen is berne yn Gorinchem yn 1586. Nei syn stúdzje teology yn Leien, wurke hy yn syn jonge jierren as predikant yn Fleuten. Letter waard hy fanwege syn Arminiaanske tinkbylden ferfolge.
Camphysen kaam op syn flecht foar de kontraremonstranten fia East-Fryslân (Norden) nei Harns (1621-1622) en wie in skoft op It Amelân (1622) en Dokkum (1623-1627). Dêr die hy oersetwurk (û.o. Psalmberiming) en hied er in flaakshannel. Yn 1625 betanke er foar in professoraat yn Rakow. Ofkearich fan alle tsjerklike autoriteit fielde er him it measte thús by de kollegianten.
Syn bekendste wurk is 'De Stichtelyke Rymen' út 1624. Dit wurk waard yn in iuw tiid 50 kear werprinte, wat bewiist dat Camphuysen nei Jacob Cats de meast lêzen dichter fan syn tiid wie.
Camphuysen stoar yn 1627 yn Dokkum. It steedlik Gymnasium fan Gorinchem is nei him neamd.
Wurk
- Daer moet veel strijdts gestreden sijn (1618)
- Stichtelycke rymen ( 4 dielen, 1624, 1628, 1658)
- Uytbreyding over De Psalmen des propheten Davids (1630)
- Teologyske wurken, 3 dielen (1672)