It Camminghahûs is in eardere stins en ryksmonumint oan de "Brede Plaats" yn Frjentsjer. It gebou wurdt brûkt Bakkerij Van der Kloet, dy't in eigen ythoeke foar de klanten hat. De âldste fermelding komt út de 14e iuw, it wurdt ek Sjaerdahûs (âldste beneaming), Sjaerdemahûs, en Hotel de Valk neamd.
De bou fan in stins begjint ein 14e iuw, hjirfoar waarden kleastermoppen brûkt. De bou wie om 1400 klear. It hie in heechlizzende ferdjipping dy't allinnich mei in losse ljedder berikt wurde koe. Op de hichte fan de souderbalkelaach sieten yn de muorren sjitslûven, dêr't koaitsjende oalje of pik troch op de belegerders jitten wurde koe sûnder dat oer de boarstwarring rikt hoegde te wurden. Boppedat wienen de ferdigeners dan beskerme tsjin pylken. Sokke sjitslûven wienen seldsum yn Fryske stinzen, der binne noch mar ien of twa oaren fan bekend.
Earste bewenners
Sicke Siaerda wie de âldste bekende eigener. Nei syn dea yn 1422 erft syn dochter Edwer Sjaerda, dy't troud is mei Douwe Sjaerdema (doopt as Douwe Aylva) it hûs. As Edwer nei 1510 ferstoarn is wurdt yn 1527 Lutke (Luts) fan Sjaerdema, dochter fan Douwe en Edwer, mei har man Gerrolt fan Herema eigener fan de stins en dêrnei yn 1552 Luts fan Herema, in dochter fan Gerrolt en Lutke, dy't troud is mei Minne fan Cammingha. Yn 1571 erft soan Gerrolt fan Cammingha it hûs dat dan al sa’n 25 jier Camminghahûs neamd wurdt. Yn 1600 wennet hjir jonkfrou Atcke fan Ockinga, widdo fan Gerrolt fan Cammingha.
Bewesten fan de stins waard yn de l5e iuw grif troch de Sjaerdema's in wenhûs boud. De ynwindige konstruksje bestie út moer- en bernebynten, stilen mei korbeien en goatyske sleutelstikken. De finsters hienen traaljes. It hûs waard boud oan de eastlike ein fan wat Nicolaas Geelkerk yn 1616 'Die Hoochstraet' neamt, de hjoeddeiske Foarstrjitte. Dêryn rûn eartiids de Hearengrêft. Sa goed as wis wienen de stins en it der letter by boude hûs der earder as de grêft, want krekt foar de westgevel fan (doe noch) Sjaerda-hûs makke dizze grêft in hast heakske bocht nei it noarden om foarby it grûngebiet dat oarspronklik by dit hûs hearde wer nei it easten ôf te bûgjen.
16e iuw
Yn it begjin fan de 16e iuw waard de romte tusken beide gebouwen folboud. Dat gedielte waard ek yn (ôfbraak) kleastermoppen útfierd, mar no ôfwikseljend yn in laach reade en twa lagen giele stien. Mei in yn noard-súd rjochting oanboud wenhûs krige it de foar dy tiid typyske winkelheakfoarm, mei yn de binnenhoeke fan de winkelheak de wenstige treptoer.
17e iuw
Yn 1631 is it pân yn hannen fan Ruurd fan Juckema en syn frou Edwer Gerroltsdr. fan Cammingha. Of it hûs dan al in ‘horekabestimming’ hat is net bekend, mar yn 1643 is it yn elk gefal in loazjemint en yn 1646 wurdt it hûs fermelde as "Camminghahuis, waar de Valk uithangt". Yn 1648 is Gerrolt fan Juckema eigener, dy't ûnder oare ek eigener wie fan Camstrastate yn Furdgum en yn 1670 Duco Martena fan Burmania, dy't grytman is fan Wymbritseradiel en wyls op Epemastate yn Ysbrechtum wennet en ek eigener is fan Camstrastate yn Furdgum. As eksploitant fan it loazjemint wurdt yn 1676 Hessel Claessen neamd.
Sloop
Yn de rin fan de 17e iuw is de stins sloopt, letter folge troch it ‘noard-súd’ hûs. In gedielte fan de westlike muorre, wyls bûtenmuorre fan de tuskenbou, waard by dy ôfbraak lykwols hanthavene, wêrtroch't de binnenside fan de stinsmuorre de bûtensside fan it hjoeddeiske gebou waard. De hjirboppe neamde sjitslûven binne no noch te sjen, krektas in kantieling.
Nei de ôfbraak fan de stins yn de midden fan de 17e iuw waard it hûs as herberch brûkt. Dy situaasje bleau oant 1969 bestean. Yn dy perioade waard it faak ferboud, en wol sa dat der yn 1962 gjin oanlieding wie om it pân op de list faan de beskerme monuminten te setten. Gelokkich waard yn 1969 de histoaryske wearde ûnderkend en waard oergien ta restauraasje, dy't lykwols hast op nijbou delkomt. In heule rekonstruksje fan de oarspronklike tastân koe berikt wurde meidat hast alle gegevens der noch wiene.
Bewenners
- - 1422 Sicke Siaerda
- 1422 - 1510 Edwer (Sickes) Sjaerda, troud mei Douwe Sjaerdema (of Aylva)
- 1527 Lutke (Luts) van Sjaerdema, troud mei Gerrolt fan Herema
- 1552 Luts fan Herema, troud mei Minne fan Cammingha
- 1571 Gerrolt fan Cammingha
- 1600 Jkfr. Atcke fan Ockinga, widdo fan Gerrolt fan Cammingha
- 1631 Edwer Gerroltsdr. fan Cammingha, troud mei Ruurd fan Juckema
- 1648 Gerrolt fan Juckema
- 1670 Duco Martena fan Burmania
- 1676 Hessel Claessen (eksploitant fan it loazjemint)
- 1767 famylje Van Sipma
- 1951 A. Veenbaas
- 1951 - 1969 J. Zoodsma
Funksjes
- 1628 - 1969 - Hotel de Valk eardere nammen "In den Vergulden Falck" en "In de Valk"
- 1972 - 2013 - Friesland Bank (ûnderferdjipping)
- 1995 - 2014 - Keatsmuseum (boppeferdjipping)
- 2014 - no - Bakkerij Van der Kloet
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|