Byles is bykommend (d.w.s. ekstra) ûnderwiis oer it iene of oare ûnderwerp. It kin jûn wurde op skoalle, mar it kin ek partikulier dien wurde. Faak wurdt byles jûn troch minsken út it ûnderwiis, mar ek âlden jouwe harren bern somtiden byles, en it komt ek foar dat in mei-learling, dy't better meikomme kin, it docht.

Bart byles op skoalle, dan wurdt it faak dien troch in remedial teacher. Dit binne learkrêften dy’t mei stipe fan de skoallieding meastentiids ûnder de gewoane lestiden learlingen stypje en ûndersteune. De remedial teacher heart dan by de skoalle en wurdt betelle út de formaasje.

Der wurdt ek priveeles jûn. Dan wurde de fakken stavering, rekkenjen en lêzen byspikere. Alden betelje dit faak. Dizze minsken hawwe faak in learareoplieding folge of jouwe les en jouwe yn de jûntiden byles.

Ferrin fan in byles

De learling skoart op skoalle leger as it gemiddelde. Hoe leger de prestaasjes hoe flugger der byles jûn wurdt. Is it dúdlik wat it probleem is, dan wurdt der in hannelingsplan makke. Yn dit hannelingsplan stean de doelen en wannear't dit doel helle wurde moat. Ek stiet yn it hannelingsplan wa't dit docht en hoe en wannear it hannelingsplan útfierd wurdt. Sa bart it faak op skoallen mar ek by guon bylesburo’s. De bedoeling is dat de learling neidat it hannelingsplan útfierd is, werom kin nei de eigen groep. Somtiden kin dit net en wurdt it hannelingsplan langrinnend en komt de learling op in eigen learline. Net alle learkrêften kinne alle hannelingsplannen oan dy’t somstiden nedich binne yn in klasse.

Dêrom binne der klasse-assistinten. En dan noch bart it dat bern net alle oandacht krije dy’t se nedich hawwe. Sy geane dan nei it spesjaal ûnderwiis of krije les fan partikuliere bylesburo’s.

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.