Byam Shaw hat krityk op in studinte

John Byam Liston Shaw (Madras, 13 novimber 1872 - Londen, 26 jannewaris 1919), wie in yn Britsk-Ynje berne Britsk keunstskilder, yllustrator, grafysk ûntwerper en keunstlearaar. Hy waard bot beynfloede troch de prerafaeliten. Oan syn heitekant stamme er út in laach fan abbekaten en predikanten út it Skotske greefskip Ayrshire, dat in sydtûke wie fan 'e famylje fan 'e haadlju fan 'e clan Shaw fan Tordarroch.

Galery

Literatuer

  • Michael Robinson: The Pre-Raphaelites. Londen: Flame Tree Publishing, 2007. ISBN 978-184451-742-8

Keppelings om utens

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Liston Byam Shaw fan Wikimedia Commons.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.