Logo Connexxion
It stasjon yn 2012

It Busstasjon Snits is it sintrale busstasjon fan Snits en stiet oan Kanaalstrjitte fuort neist treinstasjon Snits.

It hjoeddeiske busstasjon, type perronbusstasjon, is yn 1984 iepene op in lokaasje dêr't al foar 1938 bussen stald waarden.

It stasjon hat 8 haltes dêr't ferskate streek-, steds- en belbussen halt hâlde. It stasjon hat in remize (inkele hûnderten meters fierderop), in oerdekte wachtromte, in blommestâl, iepenbier toilet, busparkearterrein en in dynamysk ynformaasjepaniel.

Linen

Alle ûndersteande konsesjes binne gund oan Connexxion.

Konsesesje Noard- en Súdwest-Fryslân

LineTsjinstregeling
33Snits - Winsum - Frjentsjer
42Snits - Spannenburch - De Lemmer (- Emmeloard)
45Snits - Balk - Himmelum
46Snits - Aldegea - Snits
47Snits - Balk - Riis - Himmelum
93Snits - Mantgum - Ljouwert
94Snits - Reduzum - Ljouwert
98It Hearrenfean - Snits - Makkum
99It Hearrenfean - Snits - Harns
198It Hearrenfean - Snits - Boalsert (spits)
199It Hearrenfean - De Jouwer - Snits - Boalsert - Harns (jûn)
LijnTsjinstregeling
235Snits - Offenwier - Wommels
235Snits - Offenwier - Wommels
239Snits - Drylts - Parregea - Ferwâlde
LijnTsjinstregeling
761Stasjon Snits - Easthim (Allinnich nei 22:00 oere jûns)
768Stasjon Snits - Reahûs

Fan dit stasjon ôf fertrekt yn de Snitswike ek de Snitsermarbus (line 38).

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.