Buro fan Yndiaanske Saken | |
---|---|
flagge | embleem |
algemiene gegevens | |
namme folút | Bureau of Indian Affairs ("Buro fan Yndiaanske Saken") |
ôfkoarting | BIA |
lân | Feriene Steaten |
oprjochte | 1824 |
falt ûnder | Min. f. Binnenlânske Saken |
doel | bestjoer en behear fan Yndiaansk lân |
sifers | |
wurknimmers | 8.700 (2008) |
jierliks budget | $2,4 miljard (2008) |
oar | |
webside | www.bia.gov |
It Buro fan Yndiaanske Saken (Ingelsk: Bureau of Indian Affairs, BIA) is in ynstânsje fan 'e Amerikaanske federale oerheid dat ressortearret ûnder it Amerikaanske Ministearje fan Binnenlânske Saken. It waard oprjochte yn 1824, en is ferantwurdlik foar it bestjoer en behear fan Yndiaansk lân, d.w.s. de Yndianereservaten en it bûtenreservaatsk beheargebiet fan 'e 566 federaal erkende Yndianestammen en Alaskaanske Inûyt-organisaasjes. Dêrby giet it om likernôch 225.000 km² lân. Fierders hat it BIA ek foech om út te meitsjen hokker stamme-organisaasjes oft yn 'e Feriene Steaten yn oanmerking komme foar federale erkenning, mei alle rjochten en belestingfoardielen dy't dat opsmyt.
Skiednis
It Buro fan Yndiaanske Saken waard yn 1824 oprjochte troch John C. Calhoun, de doetiidske Amerikaanske minister fan Oarloch. It hiet yn 't earstoan noch Kantoar fan Yndiaanske Saken (Office of Indian Affairs), en makke diel út fan it Ministearje fan Oarloch. Pas yn 1848 waard it BIA oerhevele nei it Ministearje fan Binnenlânske Saken, dêr't it noch altyd ta heart.
Yn 'e njoggentjinde iuw foarme it BIA eins it kommunikaasjekanaal fan it federale regear yn Washington, D.C. mei de ûnderskate Yndiaanske folken oan 'e foargrins fan 'e beskaving. Om't it buro diel útmakke fan deselde oerheid dy't de Yndianen harren lân ôfnimme en harrensels "beskave" woe, wie it mar komselden de ûnôfhinklike skiedsrjochter tusken de Yndianen en de blanke kolonisten dy't it hiet te wêzen. Krektoarsom, it BIA kaam meitiid ûnder de Yndianen en harren blanke sympatisanten op in tige minne namme te lizzen fanwegen alderhanne kontroversjeel belied en in ûnbidigen korrupsje ûnder syn wurknimmers, dy't bygelyks mei oerheidsjild it goedkeapste iten kochten dat der te krijen wie om oan 'e yn ferdraggen fêstleine rantsoenen foar de Yndianen te foldwaan en it jild dat se dêrmei útsparren yn eigen bûse stieken. Dy praktyk wie foar in part debet oan 'e hongersneed dy't der yn it lêste fearn fan 'e njoggentjinde iuw bytiden yn 'e reservaten hearske.
Ien fan 'e meast kontroversjele beliedspunten fan it BIA, dy't by de Yndianen de hollen noch geregeldwei hjit makket, wie de praktyk yn it lêst fan 'e njoggentjinde en it grutste part fan 'e tweintichste iuw om Yndiaanske bern by harren âldelju wei te heljen en harren te ûnderwizen yn ynternaten. Isolearre fan 'e eigen kultuer koene se dêr makliker assimilearre wurde, wie it iepentlik opfierde idee dêrefter. Yn 'e ynternaten lei de klam op ferboaden: de eigen talen mochten nea of te ninter sprutsen wurde, kulturele praktiken waarden útband, en as men murk dat der oan 'e eigen goaden bidden waard, ynstee fan oan 'e kristlike God, dan krigen de bern in wan bruien oant se dat lieten. Sok dwaan leit oan 'e grûnslach fan it grutte ferlies oan kultuer dat de Amerikaanske Yndianen yn 'e tweintichste iuw te ferwurkjen krigen, en is fierhinne skuldich oan it útstjerren, of it op it rântsje fan it útstjerren bringen, fan withoefolle Yndiaanske talen.
Doe't der yn 'e sechstiger en santiger jierren in oplibbing fan 'e Yndiaanske kultuer plakfûn, waard it BIA it mikpunt fan it boargerrjochte-aktivisme fan 'e Yndianen. Sa waard fan 3 oant 9 novimber 1972 it haadkertier fan it BIA yn Washington beset troch in groep fan sa'n 500 leden en sympatisanten fan 'e Amerikaanske Yndiaanske Beweging (AIM) en de Nasjonale Yndiaanske Jeugdried (NIYC). Dêrby waard foar $700.000 skea oanrjochte en withoefolle argyfstikken rekken wei of waarden stellen. Yn 1973 wie it BIA behelle yn 'e belegering fan Wounded Knee, yn it Pine Ridge Yndianereservaat yn 'e steat Súd-Dakota, doe't dat troch likernôch 200 Oglala-Lakota en oare leden fan 'e AIM beset waard. Yn deselde snuorje stipe it BIA autoritêre en kontroversjele stamlieders, lykas Dick Wilson, de presidint fan 'e Oglala Sû Stamme (Oglala Sioux Tribe), dy't de finânsjes fan 'e stamme brûkte om in priveemilysje, de Guardians of the Oglala Nation (of GOONs), op te setten, om 'e kiezers mei te yntimidearjen by de stampresidintsferkiezings fan 1974.
Op 't heden is it BIA dwaande mei it ferskowen fan in tasjochhâldende nei in advisearjende rol. Dat keallet lykwols swier, mei't de measte Yndianen it buro noch altyd sjogge as de kontroleurs fan 'e federale oerheid dy't harren op alderlei mêd mienden fertelle te moatten wat se wol en net dwaan mochten.
Organisaasje
It haadkertier fan it Buro fan Yndiaanske Saken is fêstige yn Washington, D.C., oan 1849 C Street Noardwest. Sûnt 22 maaie 2009 stiet der oan it haad fan 'e organisaasje in ûnderminister foar Yndiaanske Saken, in post dy't fan 2012 ôf yn 'e hannen is fan Kevin K. Washburn, in lid fan 'e Tsjikkesou Naasje fan Oklahoma.
It BIA is ûnderferdield yn fjouwer kantoaren.
- it Kantoar fan Yndiaanske Tsjinsten (Office for Indian Services, OIS) is ferantwurdlik foar:
- algemiene helpferliening yn 'e reservaten;
- ramphelpferliening yn 'e reservaten;
- Yndiaanske bernebeskerming;
- Yndiaansk bestjoer en selsbestjoer;
- ûnderhâld fan 'e wegen yn 'e reservaten.
- it Kantoar fan Justysjetsjinsten (Office for Justice Services, OJS) is ferantwurdlik foar:
- finansiering fan plysjetsjinsten, gerjochtshôven en tichthuzen yn 'e reservaten;
- help by wetshanthavening yn 'e reservaten;
- oplieden fan 'e leden fan 'e eigen plysjetsjinsten fan 'e reservaten.
- it Kantoar fan Beheartsjinsten (Office for Trust Services, OTS) is ferantwurdlik foar:
- help by it behearen fan 'e reservaten en bûtenreservaatske beheargebieten.
- it Kantoar fan Fjildoperaasjes (Office of Field Operations, OFO) is ferantwurdlik foar:
- it tafersjoch oer de tolve regionale kantoaren (Alaska, it Easten, Eastlik Oklahoma, de Grutte Flakten, it Midwesten, de Navaho Naasje, it Noardwesten, de Rocky Mountains, de Súdlike Flakten, it Súdwesten, it Westen en de Westkust) en 83 agintskippen, dy't mei-inoar it wurk fan it BIA op pleatslik nivo útfiere.
Relaasjes mei oare oerheidsynstânsjes
It Buro fan Yndiaanske Saken is ien fan twa ynstânsjes ressortearjend ûnder it Underministearje foar Yndiaanske Saken. De oare is it Buro fan Yndiaansk Underwiis (Bureau of Indian Education), dat ûnderwiiskundige tsjinsten ferlient oan nei skatting 48.000 Yndianen.
Foarhinne hearde ek de sûnenssoarch yn 'e reservaten en yn grutte parten fan Alaska ta de ferantwurdlikheden fan it BIA. Yn 1954 is dy foarm fan tsjinstferliening lykwols oerhevele nei it Amerikaansk Ministearje fan Sûnenssoarch, dêr't it sûnt útfierd wurdt troch de Yndiaanske Sûnenstsjinst (Indian Health Service).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Additional reading, op dizze side.
|