Burny Bos
regisseur en/of produsint
Burny Bos (1991)
Burny Bos (1991)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBernard Gerrit Bos
nasjonaliteit Nederlânsk
berne8 april 1944
berteplakHaarlim
stoarn1 desimber 2023
stjerplakAmsterdam
wurkpaad
wurksum asfilmregisseur,
filmprodusint,
akteur,
skriuwer
bekenste
  produksje(s)
Theo en Thea,
Ko de Boswachtershow
Het Zakmes
Otje
jierren aktyf1974-2020
prizensulveren Reismikrofoan (1983)
Gouden Keal (1999, 2002 & 2014)
offisjele webside
bosbros.com

Bernard Gerrit (Burny) Bos (Haarlim, 8 april 1944 - Amsterdam, 1 desimber 2023) wie in Nederlânske produsint, senario-en berneboekeskriuwer. Ek wurke er as akteur oan berneprogramma's op radio en telefyzje mei. Burny Bos wie de heit fan skriuwster Tamara Bos.

karriêre

Oant 1974 wie er ûnder mear ûnderwizer en learaar tekenjen. Dêrnei wie Bos wurksum by de AVRO-radio. Yn 1975 krige hy fan de sulveren Reismikrofoan sjuery in earfolle fermelding foar de "Ko de Boswachtershow" (radio) en in 1977 foar "Radio Lawaaipapegaai". Yn 1981 joech de sjuery foar de sulveren Nipkowskiif in earfolle fermelding oan de telefyzjesearje "Lawaaipapegaai". Yn 1983 krige er de sulveren Reismikrofoan foar syn hiele radio-oeuvre.

Yn de perioade fan 1977 oant 2004 hat Bos mear as 40 berneboeken skreaun. Guon boeken binne útjûn yn mear as 20 lannen.

Fan 1984 oant 1989 wie Bos haad fan de jeugdôfdieling fan de VPRO. Under syn superfyzje waarden programma's as "Theo en Thea", "Mevrouw Ten Kate", "Max Laadvermogen", "Rembo en Rembo", "Achterwerk in de kast", "Broertjes", "Buurman & Buurman", "Achterwerk uit de kast", "Het huishouden van Jan Steen" en "Buurman Bolle" ûntwikkele.

Yn 1989 begûn hy syn eigen produksjebedriuw BosBros en sleat hy in mearjierrich kontrakt mei de AVRO. Foar de AVRO produsearre er ûnder oare "Het Zakmes", "Kinderen van waterland", "Dag Juf, tot morgen", de "Ko de Boswachtershow", "Hoe laat begint het schilderij", "Mijn Franse tante Gazeuse" en "Otje". Hy waard útroppen ta omropman fan it Jier 1998.

Mei syn produksjemaatskippij BosBros bewurke er ûnder mear in tal boeken fan Annie M.G. Schmidt ta famyljefilms. Hy ûntfong it Gouden Keal foar Beste lange film yn 1999 mei Abeltje en yn 2002 mei Minoes. Schmidts boeken Otje en Ibbeltje waarden bewurke ta telefyzjesearje.

Burny Bos wie earegast op it Nederlânsk Filmfestival yn 2007. Foar dy gelegenheid frege er regisseur Diederik van Rooijen om de koarte film "Een trui voor kip Saar" te regissearjen. Fierder liet er blike him soargen te meitsjen oer de takomst fan de jeugdfilm yn Nederlân. Kwaliteitsfilms binne hieltyd dreger te meitsjen. Neffens him lijt it bernesjenre op telefyzje en yn de bioskoop ûnder "Verplopping".[1]

Yn 2014 krige Bos it Gouden Kealfanwegen bysûndere fertsjinsten foar de Nederlânske filmkultuer.

Burny Bos ferstoar op 1 desimber 2023, yn 'e âldens fan 79 jier oan de gefolgen fan asbestkanker.

Films, programma's en boeken

Radioprogramma's

  • Ko de Boswachtershow (1974-1984)
  • Radio Lawaaipapegaai (1976-1978)
  • De Zandbakshow (1979-1982)

telefyzjeprogramma's

  • Lawaai Papegaai (1978-1982)
  • Dag huis, dag tuin, dag opbergschuur (1980)
  • Hoe laat begint het schilderij]] (1983)
  • Opzoek naar Yolanda - Lange Jaap (1984)
  • Villa Achterwerk (1984/1985)
  • Lange Jaap (1985-1986)
  • Max Laadvermogen (1986)
  • Buurman Bolle (1989)
  • Ko de Boswachtershow (1990-1994)
  • Studio Trappelzak (1992)
  • Mijn vader woont in Rio (1990)

Filmografy

  • Kinderen van Waterland (1990)
  • Duinkonijn (1990)
  • MC Power (1991)
  • Het Zakmes (1992)
  • Vinaya (1992)
  • 7 Mijlskoffer (1992)
  • Mus (1993)
  • De Daad (1993)
  • Tussen Wind en Water (1994)
  • Pepette (1994)
  • Captain Cockpit(1994)
  • Dag juf, tot morgen (1995)
  • De jongen die niet meer praatte (1996)
  • Always yours, for never (1996)
  • Mijn Franse tante Gazeuse (1996)
  • Otje (1998)
  • Abeltje (1998)
  • Cowboy uit Iran (1999)
  • Boris (2000)
  • Knofje (2001)
  • Minoes (2001)
  • Ja zuster, nee zuster (2002)
  • Het geheim van de kist (2002)
  • Pluk van de Petteflet (2004)
  • Ibbeltje (2004)
  • Dat zit wel snor (2004)
  • Het paard van Sinterklaas (2005)
  • De Griezelbus (2005)
  • Waltz (2006)
  • Een trui voor kip Saar (2007)
  • Waar is het paard van Sinterklaas? (2007)
  • Zucht (2007)
  • Hoe overleef ik mezelf? (2008)
  • Morrison krijgt een zusje (2008)
  • Over Vis & Revolutie (2008)
  • Los (2008)
  • De Indiaan (2009)
  • Zwemparadijs (2009)
  • Annie M.G. (2010)
  • Dolfje Weerwolfje (2011)
  • Brammetje Baas (2012)
  • Nono, het Zigzag kind (2012)
  • Chez Nous (2013)
  • Zusjes (2013)
  • Wiplala (2014)
  • Zwemmen of Verzuipen (2014)
  • Kankerlijers (2014)
  • Vrolijke Kerst (2014)
  • Meester Kikker (2016)
  • Adios Amigos (2016)
  • Buut Vrij (2016)
  • Voetbalmeisjes (2016)
  • De gelaarsde poes (2016)
  • Papadag (2017)
  • Tex (2017)
  • Snorro (2018)
  • Heinz (2019)
  • Knofje, de animatieserie (2019)
  • Kapsalon Romy (2019)
  • Papadag seizoen 2 (2020)
  • Marionette (2020)


Bibliografy

  • Het boek van Ko de Boswachter, co-auteurs Sjoerd Kuyper en Gerard Brands (Querido, 1975). Mei illustraasjes fan Thé Tjong-Khing
  • Eén april kikker in je bil (1977)
  • Zand op je boterham (1978)
  • Knofje (boekenserie) (1979-2001)
  • De droomfabriek (1979)
  • Snap je dan niet dat dat pijn doet? (1980)
  • Wie praat daar met de poes? (1980)
  • Lotje Loo en Brompijp haar geheime beer (1981)
  • Oma Fladder (1981)
  • Klim maar op mijn rug zei de krokodil (1982)
  • Liesje (1983)
  • Ko de Boswachter (1983)
  • Beesten in het nieuws (1984)
  • Een verlegen jongetje (1984). Mei illustraasjes fan Dagmar Stam
  • Circus Grote Meneer (1985). Mei illustraasjes fan Thé Tjong-Khing
  • Professor Koosje (1986)
  • Bonkie en Uk (1987)
  • Een ijsbeer in de tropen (1987)
  • Kikker in je bil die er nooit meer uit wil (1987)
  • Professor Koosje bolleboosje (1987)
  • Kleine ijsbeer waar ga je naar toe? (1980)
  • Tetkees zoekt een baby (1989)
  • Een boswachter in de sneeuw (1989)
  • Dubbeldik zand op je boterham (1990)
  • Mijn vader woont in Rio (1990)
  • Valentino de kikker (1990)
  • Buurman Bolle (1992)
  • Familie Mol-de-Mol staat er goed op (1994)
  • Het kleine beestenboek van Ko de Boswachter (1995)
  • Bij de familie Mol-de-Mol is alles oké (1995)
  • Familie Mol-de-Mol zit hoog en droog (1995)
  • Ot Jan Dikkie! (1997)
  • Alexander de Grote, (2001)
  • Wie legt het mooiste ei? (2002)
  • Michiel is niet zo stoer / Een verlegen jongetje (2004). Herziene uitgave, Mei illustraasjes fan Harmen van Straaten
  • Ot Jan Dikkie is cool (2007)
  • Het Knofje zomer-omdraaiboek (2019)


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.