Burj Khalifa
Burj Khalifa yn ferliking ta oare hege bouwurken.

De Burj Khalifa is in wolkekliuwer yn Dûbai en is mei in hichte fan 828 meter it heechste bouwurk op ierde.

Skiedis

De bou sette útein op 21 septimber 2004. 21 july 2007 naam de Burj Khalifa (doe noch Burj Dûbai) de titel 'heechste gebou fan de wrâld' oer fan de Taipei 101 yn Taiwan. Op 17 jannewaris wie op 828 meter it heechste punt helle. Op 4 jannewaris 2010 waard it gebou mei fjoerwurk iepene. By de bou fan de toer hite de toer Burj Dûbai (Arabysk: برج دبي : Toer fan Dûbai). Foar de iepening wie bekend dat de toer ferkocht wurde moast omdat der te min jild wie. Khalifa bin Zayed Al Nahayan fan it Emiraat Abu Dhabi kocht de toer in oermannich foar de iepening, wêrtroch de namme fan de toer feroare yn Burj Khalifa.

Sifers

  • De grutste lift yn 't bouwurk is 504 meter lang en is dêrmei de langste lift fan de wrâld.[1]
  • De toer hat 1.044 wenten.[1]
  • 3.000 ûndergrûnse parkearplakken.[1]
  • Op it hichtepunt fan de bou wienen 12.000 arbeiders oan it wurk.[1]
  • De toer hat in oerflak fan 526.760 kante meter.[2]
  • Foar de bou wie 330.000 kubike meter beton nedich.[2]
  • Foar it bouwen wiene 22.000.000 wurkoeren nedich.[2]

Nijsgjirrichheden

  • Ien dei nei de iepening sprongen twa basejumpers op 672 meter hichte fan de toer ôf.[3]
  • Yn it bouwurk sit de heechste moskee fan de wrâld (158e ferdjipping), heechste swimbad fan de wrâld (76e ferdjipping) en heechste útsichtplatfoarm fan de wrâld (124e ferdjipping).[4]

Sjoch ek

Keppeling om utens

Commons Commons: Burj Khalifa – foto, fideo en harktriemmen
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1 2 3 4 Top 10 Burj Khalifa facts: Part 1, 28 des. 2009 (sjoen op 26 jan. 2010)
  2. 1 2 3 Top 10 Burj Khalifa facts: Part 2, 5 jan. 2010 (sjoen op 26 jan. 2010)
  3. Basejump vom Burj Khalifa, Welt TV, 8 jannewaris 2010 (sjoen op 26 jan. 2010)
  4. Quick Facts on Burj Dubai/Burj Khalifa, gjin datum (sjoen op 26 jan. 2010)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.