De Burchardifloed op in 17e iuwske print
Kaart fan Joan Blaeu (1662) lit it eardere eilân Strân noch sjen

De Burchardifloed, ek wol Twadde Grutte Mandrenke neamd, wie in stoarmfloed by de westkust fan Sleeswyk-Holstein del, yn de nacht fan 11-12 oktober 1634, wêrby't in soad diken trochbrutsen en tusken de 8.000 oant 15.000 minsken fersûpten.

De stoarmfloed rekke de Waadseekust tusken Ribe en Brunsbüttel. Fral Strân, doe in grut Waadeilân foar de kust fan Noard-Fryslân, waard swier troffen. It eilân waard ferskuord en sa'n 6.000 ynwenners kamen om. Strân rekke ferdield yn de eilantsjes Noardstrân, Pellworm en Nordstrandischmoor, dy't nei de stoarmfloed fan Nederlânske kolonisten befolke waarden. Ek de eilantsjes (halligen) Nieland en Nübbel ferdwûnen. Op it eilân Eiderstedt ferlearen sa'n 2.000 minsken it libben.

De Nederlânse wetterboukundige Jan Adriaanssoan Leeghwater wie tsjûge fan de oerstreaming. Leeghwater wie doe yn Dagebüll (ûnder Hüsem) dêr't er wurke oan de ôfsluting fan it Bottschlotter Tief. Hy makke in ferslach fan wat er sjoen hie yn it Haarlemmermeer-boek (1641).

De Burchardifloed kaam hast trije iuwen nei de Sint-Marsellusfloed, ek wol Earste Grutte Mandrenke neamd, in stoarmfloed dy't yn 1362 de kusten fan Nederlân en Noard-Dútslân teheistere. Yn 1651 soe de Waadkust fan de Sint-Pitersfloed te lijen krije.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.