Bunderneuland (Bundernijlân) is in streekdoarp en polder yn de gemeente Bunde yn it Eastfryske Reiderlân. It plak hat likernôch 120 ynwenners
It streekdoarp ûntstie op de tige fruchtbere seeklaai, dy't mei 0,2 oant 0,3 meter boppe seenivo leit. De polder wurdt ûntwettere troch it Wymeerer Sieltief en it Bunderneulandtief dy't yn noardlike rjochting yn de Doalert streame.
Skiednis
Bewizen foar de ierste bewenning yn it gebiet yn it Mesolitikum binne fûn by it oanlizzen fan de A280 ûnder de klaai- en feanlagen. Koaitskûlen en fjoerstienmessen waarden fûn. Troch it ynbrekken fan de Doalert yn de lette midsiuwen waard it oarspronklike fean fan it gebiet ûnbewenber. Dat feroare doe't, lykwols tsjin it sin fan de bewenners fan omlizzende doarpen, privee-ûndernimmers út it Westerlauwerske Fryslân yn 1605 de oanset joegen ta it oanlizzen fan in dyk fan Bunde nei Nijeskâns om it oanslike lân te bedykjen. It gebiet waard bekend as Bunder Newelandt, it Nijlân fan Bunde. Dy ûndernimmers leine 15 pleatsen oan dy't se dêrnei ferpachten.
Nijsgjirrich
Nei Bunderneuland is it fersoargingsplak Bunderneuland ferneamd. De ôfrit dêrfan komt fan de Nederlânske A7, mar leit op Dútsk grûngebiet. It wie eartiids it plak fan de dûane oan de grinsoergong. It fersoargingsplak kin allinnich berikt wurde troch ferkear yn eastlike rjochting.
Keppeling om utens
- Beskriuwig fan Bunderneuland yn it histoaryske doarpsdatabank fan it Ostfriesische Landschaft
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Haadplak: Bunde | |
Doarpen: Boen • Bunderhee • Dollart • Wymeer |