Bunderhee
De stins Bunderhee
De stins Bunderhee
Polityk
Lânflagge fan DútslânDútslân
Dielsteat Nedersaksen
Lânkring Lier
Gemeente Bunde
Sifers
Ynwennertal598 (2008)
Oerflak16,17 km²
Befolkingsticht.37
Hichte0 m
Oar
Postkoade26831
Koördinaten53° 13′ 17″ NB, 7° 18′ 2″ EL
Kaart fan it Reiderlân mei Bunderhee

Bunderhee is in doarp yn it Reiderlân. It plak leit tusken Bunde en Ditzumerverlaat yn de Eastfryske lânkring Lier. Bunderhee heart ta de gemeente Bunde.

It doarpsgebiet fan Bunderhee leit foar in part yn de âlde himrik fan Bunde en foar in part yn de polder, dat wol sizze it oanslike lân fan de Doalert dat omdike waard. Eartiids waarden dy gebieten troch in dyk skaat. Doe't it oanslike lân omdike waard, wie de dyk net mear nedich as wetterkearing, en waarden der weingatten yn makke om diken trochhinne oan te lizzen nei de polder ta.

Under Bunderhee stiet de Stins Bunderhee, de âldste boarch yn East-Fryslân. Tsjin de stins oan leit de histoaryske tún Tammen, in slingertún yn Ingelske lânskipsstyl fan om 1900 hinne.

Galery

Ferneamde ynwenners

  • Jacques Groeneveld 1892 - 1983), Dútsk politikus (NSDAP)
  • Johanne Modder (12 july 1960), politika (SPD)
 
Bunde
Wapen fan Bunde
Haadplak: Bunde
Doarpen: BoenBunderheeDollartWymeer
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.