Bullay | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Dútslân | |
dielsteat | Rynlân-Palts | |
lânkring | Cochem-Zell | |
ferbânsgemeente | Zell | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1633 (2021) | |
Oerflak | 3,98 km² | |
Befolkingsticht. | 410 ynw./km² | |
Hichte | 250 m | |
Oar | ||
Postkoade | 56859 | |
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 50° 03'N 7° 07'E | |
Offisjele webside | ||
bullay.de | ||
Kaart | ||
Bullay is in plak yn de Dútske dielsteat Rynlân-Palts dat diel útmakket fan de lânkring Cochem-Zell. Bullay leit oan de rjochter kant fan de rivier de Mûzel.
It plak is in Ortsgemeinde fan de ferbânsgemeente Zell.
It besjen wurdich
De oan Marije Magdalena wijde katolike parochytsjerke is in neogoatyske tsjerke út 1871-1873. De tsjerke waard fergrutte yn 1936 en krige yn de jierren 1952-1953 de klokketoer.
De Magdalenakapel tusken de nûmers 11 en 13 fan de Alte Poststraße is in kapel út 1657.
Oan de Zehnthausstraße steane in pear 16e en 17e iuwske fakwurkhûzen.
By Bullay leit in 314 meter lange spoarbrêge oer de Mûzel nei Alf oan de oare kant fan de rivier. De konstruksje datearret út de 19e iuw en is unyk foar Dútslân om't de brêge út twa ferdjippings bestiet. Op it hege nivo ride de treinen, wylst oer it nivo dêrûnder auto's ride. It monumintale stasjon út 1905 fan Bullay krige foar de werynrochting fan it stasjonsgebiet fan de dielsteat Rynlân-Palts in arsjitektuerpriis.
Krekt bûten it doarpsgebiet leit op de Marienberg, in smel skiereilân yn in ludze fan de Mûzel, de Marienburg. Oarspronklik wie de Marienburg in kastiel, mar yn 1127 waard it ferboud ta kleaster. It kleaster waard yn 1650 ferneatige troch Frânske troepen, mar om 1700 hinne folge in weropbou fan de tsjerke yn barokke styl. De Frânske revolúsjetroepen fernielden de tsjerke yn 1800 op 'e nij en wer bouden de Dútsers it kompleks op. It is gjin kleaster mear, mar tsjintwurdich is der restaurant yn ûnderbrocht.
Ofbylden
- Magdalenakapel (1667)
- Stasjon (1905)
- Fakwurkhûs oan de Zehnthausstraße 14 (ier 17e iuw)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Literatur en Einzelnachweise, op dizze side.
|