It Bulgaarsk (български език, bălgarski esik) is in taal dy't troch likernôch 12 miljoen minsken praat wurdt, benammen yn Bulgarije. It Bulgaarsk is in Yndo-Europeeske taal en heart by de súdlike Slavyske taalgroep. De taal is nau besibbe oan it Masedoanysk, dêr't guon fan sizze dat it in Bulgaarsk dialekt is. Fan 'e Servo-Kroätyske taalfarianten stiet fral it Servysk ticht by it Bulgaarsk.
Skrift
It Bulgaarsk wurdt skreaun mei it Sirillyske alfabet:
А а [/a/]? | Б б [/b/]? | В в [/v/]? | Г г [/g/]? | Д д [/d/]? | Е е [/ɛ/]? | Ж ж [/ʒ/]? | З з [/z/]? | И и [/i/]? | Й й [/j/]? |
К к [/k/]? | Л л [/l/]? | М м [/m/]? | Н н [/n/]? | О о [/ɔ/]? | П п [/p/]? | Р р [/r/]? | С с [/s/]? | Т т [/t/]? | У у [/u/]? |
Ф ф [/f/]? | Х х [/x/]? | Ц ц [/ʦ/]? | Ч ч [/tʃ/]? | Ш ш [/ʃ/]? | Щ щ [/ʃt/]? | Ъ ъ [/ɤ̞/, /ə/]? | Ь ь [/◌ʲ/]? | Ю ю [/ju/]? | Я я [/ja/]? |
Keppeling om utens
Dizze taal hat syn eigen Wikipedy. Sjoch de Bulgaarske ferzje. |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.