Buffalo Airways Your passage to the North | |||||
| |||||
De earste DC-3 dy't "Buffalo Joe" kocht | |||||
Algemien | |||||
Oprjochte | 30 maaie 1970 | ||||
Haadkertier | Hay River, Kanada | ||||
Hub(s) | Yellowknife Airport | ||||
Floatgrutte | 56 (2015) | ||||
Bestimmings | 2 | ||||
Memmebedriuw | Buffalo Airways Limited | ||||
Offisjele webside | |||||
Buffalo Airways is in loftfeartmaatskippij mei syn haadkantoar yn Hay River yn de provinsje Northwest Territories fan Kanada dy't yn 1970 oprjochte waard troch Joe McBryan, mei de bynamme "Buffalo Joe". Buffalo Airways is in sjarter- en lineflechtmaatskippij. Sy ferfiere sawol passazjiers as fracht yn de regio's Northwest Territories, Alberta en Yukon. Teffens fiere se blusaksjes by boskbrânen út en hawwe se tastellen foar it ferfier fan floeibere brânstoffen („Bulk Fuel“). De thúsbasis fan de float is it fleanfjild fan Yellowknife.
Float
Febrewaris 2015 bestie de float fan Buffalo Airways út 56 fleanmasines[1]. In grut part fan de float bestiet út klassike fracht- en passazjiersfleantugen mei sûgermotors fan sa'n 70 jier âld.
Fleantúchtype | Aktyf | Besteld | Opmerking |
---|---|---|---|
Beechcraft 55 Baron | 1 | ||
Beechcraft 65 Queen Air | 2 | ||
Beechcraft 95 Travel Air | 4 | ||
Beechcraft 100 King Air | 1 | ||
Canadair CL-215-1A10 | 8 | Blusfleantúch | |
Cessna 185E Skywagon | 1 | ||
Cessna 310Q | 1 | ||
Consolidated Vultee PBY | 1 | Blusfleantúch | |
Curtiss C-46 Commando | 3 | ||
Douglas C-54 | 12 | ||
Douglas DC-3 | 12 | 2 dêrfan binne C-47 | |
Lockheed L-188 Electra | 6 | ||
Noorduyn Norseman Mk. V | 1 | ||
Aero Commander 690C | 2 | ||
Meiïoar | 56 | - |
- Yellowknife, fleanbasis Buffalo Air
- Curtiss C-46 der Buffalo Airways
- Lockheed L-188 Electra en Beechcraft 95 Travel Air fan Buffalo Airways
Keppeling om utens
- (in) Webstee Buffalo Airways (englisch)
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Buffalo Airways fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.