brune fjoerflinter
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammelidpoatigen (Arthropoda)
klasseynsekten (Insecta)
skiftflinters (Lepidoptera)
famyljereachwjukflinters (Lycaenidae)
skaaiechte fjoerflinters (Lycaena)
soarte
Lycaena tityrus
Poda, 1761
IUCN-status: net bedrige

De brune fjoerflinter (Lycaena tityrus) is in soarte yn it skaai fan 'e echte fjoerflinters (Lycaena).

Foarkommen

De brune fjoerflinter hâldt fan greiden, feanheide en bermen. De soarte is stadichoan oan it ferdwinen yn it westen en it suden fan Nederlân. De flinters binne allinnich noch te finen op de Feluwe en yn it noardeasten fan Grinslân. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de brune fjoerflinter as kwetsber. Ynternasjonaal komt er lykwols noch rûnom foar.

Flinter

De wjuklingte is ûngefear 14 mm. De ûnderkant fan de efterwjuk is gielbrún. Op de foar- en efterwjuk sitte oranje plakken.

Fljochtiid

Fan begjin maaie ôf is de flinter te sjen, oant likernôch ein juny. De twadde generaasje is te sjen fan begjin july oant begjin septimber, foaral tusken 25 july oant 20 augustus.

Rûp

De rûp is in healwaaks rûp. Hy oerwinteret op de grûn tusken de blêden. De groei fan de rûp is fan 'e maaitiid oant de hjerst.

De rûp fret fan surkesoarten lykas soere surk en lytse surk.

Ôfbyldings

Sjoch ek

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.