De Broeretsjerke (2014)
It ynterieur fan de Broeretsjerke (2014)
Dizze side giet oer it tsjerkegebou yn Boalsert. Foar oare betsjuttings, sjoch: Broeretsjerke (betsjuttingsside).

De Broeretsjerke is in tsjerkegebou yn de stêd Boalsert. De tsjerke waard yn de 13e iuw boud as kleastertsjerke fan de Minderbruorren. It kleaster waard yn 1580 ferlitten en ôfbrutsen. De trijebeukige tsjerke sûnder toer is in ruïne troch in brân dy't barde op 8 maaie 1980. Yn 1986 waard de tsjerke iepensteld. It âldste gebou fan Boalsert krige yn 2006 in glêzen oerkaping. It bouwurk is in ryksmonumint.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  • Stenvert, Ronald [et.al.] - Fryslân. Monumenten in Nederland, diel 6. Zeist: Rykstsjinst foar de Monumintesoarch / Swol: Waanders.(2000) ISBN 90-400-9476-4

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.