Britte Lagcher
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte nammeBritte Lagcher
nasjonaliteit Nederlânsk
berne5 juny 1989
berteplakHilfertsom (Noard-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
jierren aktyf2012 – no
offisjele webside
www.brittelagcher.nl

Britte Lagcher (Hilfertsom, 5 juny 1989) is in Nederlânsk toaniel-, tillefyzje- en filmaktrise.

Libben en karriêre

Lagcher waard yn 1989 berne yn Hilfertsom. Hja studearre yn 2012 ôf oan 'e Amsterdamske Toanielskoalle en Lytskeunstakademy. Sûnt hie se gastrollen yn ferskate tillefyzjesearjes, wêrûnder Van God Los, Centraal Medisch Centrum en Flikken Rotterdam. Ek wie se te sjen yn minysearjes as Van Gogh: Een Huis voor Vincent, Ramses en Rampvlucht.

Yn 2015 hie se Lagcher wichtige byrol yn it trêde seizoen fan 'e dramarige Overspel. Yn 2016 hie se in fêste rol yn 'e searje Lost in the Game. Yn 2017 spile se yn 'e Videoland-searje Suspects, dy't hielendal sûnder senario opnommen waard. Fan 2017 oant 2020 hie Lagcher in weromkearende rol as Xanna Vermeulen yn 'e searje Meisje van Plezier. Yn 2021 wie se ien fan 'e dielnimmers oant 'e edysje fan dat jier fan it realitytillefyzjeprogramma Expeditie Robinson.

Behalven op 'e tillefyzje wurket Lagcher ek geregeldwei mei oan films. Sa hie se yn 2016 in lytse roltsje as wurdfierster fan 'e Amsterdamske plysje yn 'e horrorfilm Prooi, en yn 2018 hie se in byrol yn 'e histoaryske aventoerefilm Redbad, fan regisseur Roel Reiné, oer de achtste-iuwske Fryske kening Redbad. Fierders is Lagcher ek te sjen yn toanielfoarstellings. Sa spile se ûnder har stúdzje by it toanielselskip Orkater. Sûnt 2013 is se ferbûn oan it Toneelschap Beumer & Drost.

Filmografy

Filmografy as aktrise
jiertitelrol of funksjeopmerkings
tillefyzje
2013Van Gogh: Een Huis voor VincentLies van Goghminysearje
2013Lieve Célinewinkelbetsjinde #2tillefyzjefilm
2013Van God LosMaja Blomgastrol; ôfl. Para
2014Ramsesferpleechster Lisaminysearje
2015De Lange Nasleep van een Korte Mededeling  gasttillefyzjefilm
2015OverspelWendy Liekerkweromkearende rol; 8 ôfl.
2016Land van LubbersEricaminysearje
2016Centraal Medisch CentrumAmber Veldmangastrol; ôfl. s1e4
2016Lost in the GameEvifêste rol; 50 ôfl.
2017Verliebt in Amsterdam Jennytillefyzjefilm
2017–2018SuspectsLiv Scholtenfêste rol; 13 ôfl.
2017–2020Meisje van PlezierXanna Vermeulenweromkearende rol; 26 ôfl.
2020Van der Valkmoadestudintegastrol; ôfl. Death in Amsterdam
2020Niks te MeldenOperation Flat Whiteas stimaktrise; weromkearende rol; 5 ôfl.
2021Flikken Rotterdamfrou De Biegastrol; ôfl. Verkeerd Bezorgd
2021Expeditie Robinsonharselsdielnimster oan in realitytillefyzjeprogramma
2022Ten Minste Houdbaar totMoniquegastrol; ôfl. Op Blote Voeten
2022RampvluchtNinaminysearje
2022Eerlijk Gestolenûnbekendtillefyzjefilm
films
2014Vier MeterAriëlkoarte film
2015De Boskampi'ssekretaresse
2016Vandaag is van Onsfamkekoarte film
2016Toen Mijn Vader een Struik Werdleararesse
2016RiphagenGreetje
2016Prooiwurdfierster plysje Amsterdam  
2016GiraffeElsakoarte film
2017Voor Elkaar GemaaktJulia
2017Gek van Gelukresjersjeur Hannie
2018RedbadSinde
2018All You Need is LoveAmber
2020Hollandse NieuweCécilekoarte film
2020Sea Shadowmemkoarte film
2022El HoubEline

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.