Britney Amber | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oare artyste- nammen | Britney Angel, Brittany Angel, Brittany Amber, Brittany | |
echte namme | Amber Victoria Rizzo | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 10 novimber 1986 | |
berteplak | Banning (Kalifornje) | |
etnisiteit | Italjaansk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise | |
jierren aktyf | 2008 – no | |
offisjele webside | ||
www.britneyamberxxx.com |
Britney Amber, echte namme: Amber Victoria Rizzo (Banning (Kalifornje), 10 novimber 1986), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper en pornografysk aktrise fan Italjaansk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Britney Angel, Brittany Angel, Brittany Amber en Brittany. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m, mei in gewicht fan 52 kg en kupmaat 36D, dêr't oan kommen is troch in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre
Britney Amber waard yn 1986 berne yn Banning, yn 'e steat Kalifornje. Se groeide op yn Beaumont, ek yn Kalifornje. Op 'e middelbere skoalle waard se twa kear fan skoalle stjoerd foar't se úteinlik besleat om har oplieding net ôf te meitsjen. Letter helle se troch jûnsûnderwiis lykwols dochs noch har diploma en learde se fierder oan 'e universiteit. Neitiid wurke se in hoart as nachtresepsjoniste yn in hotel.
Yn 2007 sette Amber dermei útein om as prostituee te wurkjen op 'e Moonlite BunnyRanch yn Carson City yn Nevada, de iennichste Amerikaanske steat dêr't prostitúsje legaal is. Hja waard dêrta brocht troch de dokudramarige Cathouse, oer datseldichste bordeel, dy't útstjoerd waard troch de Amerikaanske tillefyzjestjoerder HBO. Yn april 2008 liet se har boarsten fergrutsje fan in B-kup nei in D-kup. Fia in oare pornoaktrise dy't ek op 'e Moonlite BunnyRanch wurke, rekke Amber úteinlik behelle yn 'e pornoyndustry.
Amber makke yn 2008, doe't se 22 jier wie, har debút yn in pornografyske film. Har earste sêne wie in aaklike ûnderfining mei in akteur dy't har rûch behannele en yn triennen efterliet. Neitiid ûntsloech Amber har doetiidske agint en naam se ynstee pornoaktrise Shy Love as ympressario yn 'e earm. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se ûnderwilens yn mear as 225 pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Pure Play Media, Evil Angel, Devil's Film, Hustler Video, Third Degree Films, Diabolic Video, Digital Playground, Zero Tolerance, Vivid Entertainment, Wicked Pictures, Penthouse, Adam & Eve, Red Light District en Anabolic Video. Ek hat Amber in protte wurke foar pornosites as BangBros, Brazzers en Muffia. Troch de jierren hinne hat se trije kear nominearre west foar in AVN Award (de Oskar fan 'e pornowrâld). Yn 2012 spile se de haadrol yn 'e film Barbwire XXX, in pornografyske parody op it Pamela Anderson-fehikel Barb Wire.
Njonken har aktearwurk is Britney Amber ek aktyf as neakenmodel en hat se posearre foar in ferskaat oan neakenblêden. Fierders giet se ek geregeldwei op toernee by de Amerikaanske stripklubs lâns as in feature dancer. Op 1 july 2014 lansearre se har eigen praatprogramma op 'e radio, The Britney Amber Show, dy't útstjoerd wurdt op Radio Temptation.
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2010 | AVN Award | nominearre | bêste nije stjer | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | nije stjer fan it jier | n.f.t. | |
2013 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
NightMoves Award | wûn | bêste froulike artyst (redakteurskar) | n.f.t. | |
Xbiz Award | nominearre | bêste lesbyske sekssêne (mei Spencer Scott) | Not Animal House XXX | |
nominearre | bêste byrol fan in aktrise | Not Animal House XXX | ||
nominearre | artystewebside fan it jier (foar BritneyAmberXXX.com) | n.f.t. | ||
2014 | AVN Award | nominearre | ûnderwurdearre stjer fan it jier | n.f.t. |
Xbiz Award | nominearre | bêste aktrise yn in parody | Barbwire XXX: A DreamZone Parody |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|