Brief oan Seneka de Jongere | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw n.Kr. (?) |
It Brief oan Seneka de Jongere is de oantsjutting net foar ien brief, mar foar in hiele (pseudepigrafyske) briefkerij tusken de ier kristlike apostel Paulus fan Tarsus en de Romeinske filosoof, steatsman en toanielskriuwer Lusius Annaeus Seneka, better bekend as Seneka de Jongere (4 f.Kr.-65). De briefkerij bestiet út acht brieven dy't sabeare fan Seneka binne, en seis antwurden fan Paulus. It hiele spul wurdt lykwols ûnder bibelwittenskippers en teologen algemien al fan 'e Aldheid ôf as ferfalske en apokryf beskôge, mei't de skriuwstyl noch op Paulus syn oare brieven liket, noch wei hat fan Seneka syn oerlevere wurken.
Yn 'e brieven uteret Seneka syn soarch oer de allegoaryske styl fan Paulus syn brieven, en helpt er him om 'e juste skriuwstyl te ûntwikkeljen. It liket derop dat de skriuwer mei dizze ferfalske briefkerij gesach jaan woe oan 'e ûnotterdokse opfetting dat de Brieven fan Paulus út it Nije Testamint fan 'e Bibel net bedoeld binne om te lêzen sa't se skreaun binne, mar dat se in allegory foarmje foar in djipper, geheim boadskip.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |