Brief fan Petrus oan Filippus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Aldgryksk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | ein 2e – begjin 3e iuw |
It Brief fan Petrus oan Filippus is in algemien as apokryf beskôge tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel. It waard yn desimber 1945 fûn troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei.
It hjit in brief te wêzen fan 'e apostel Petrus oan 'e apostel Filippus, folge troch in gnostyske fertelling en dialooch oer de godlike dan wol minsklike natuer fan Jezus Kristus. Mar it is in pseudepigraaf ûnder de namme fan Petrus, mei't it nei alle gedachten datearret út 'e lette twadde of iere trêde iuw. It wie oarspronklik dúdlik yn it Gryksk steld, mar de oerlevere ferzje út 'e skûle fan Nag Hammady is in oersetting yn it Koptysk. Koartby is der in twadde kopy fan dizze tekst fûn yn 'e Codex Tchacos.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |