Brief fan Kolumbus | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Carta de Colón | |
auteur | Kristoffel Kolumbus | |
taal | Spaansk | |
foarm | brief | |
skreaun | 1493 | |
1e publikaasje | 1493, Barseloana | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Brief fan Columbus | |
publikaasje | 1992? | |
oersetter | Klaas Bruinsma |
It Brief fan Kolumbus, yn it oarspronklike Spaansk: Carta de Colón, is in brief fan 'e hân fan 'e legindaryske Genueeske ûntdekkingsreizger Kristoffel Kolumbus (1450/1451-1506). De man skreau by syn libben fansels wol mear brieven, mar as men it oer it Brief fan Kolumbus hat, wurdt dêrmei ornaris it brief bedoeld dat er oan 'e ein fan syn earste reis nei it westen skreau, en wêryn't er ferslach die fan 'e ûntdekking fan Amearika (al ferkearde er sels doe noch yn 'e ferûnderstelling dat er in stikmannich eilannen foar de eastkust fan Aazje ûntdutsen hie). Dit dokumint wie fan krúsjaal belang foar it fersprieden fan it nijs oer Kolumbus syn reis troch Jeropa. It brief waard nei it Frysk ta oerbrocht troch oersetter Klaas Bruinsma.
Eftergrûn
Kristoffel Kolumbus, in Genueeske seekaptein yn 'e tsjinst fan it Spaanske keninkryk Kastylje, sylde yn it foarjier fan 1492 oer de Atlantyske Oseaan nei it westen ta, mei as doel om in nije rûte nei it rike Aazje fêst te lizzen. Ynstee knoffele er, sa't rûnom bekend is, tsjin it Amerikaanske kontinint oan, dat him ommers it paad nei Aazje tichtsette. Yn augustus kaam er oan op it Karibyske eilân San Salvador (alteast, dy namme joech hy deroan), dat no diel útmakket fan 'e Bahama's. Neitiid fear er in moanmannich dêrsanne om, wêrby't er noch ferskate oare eilannen besocht, wêrûnder Kuba en Hispanjoala. Hoewol't er dêr gjin inkele oanwizing ta fûn, wied er der likegoed fêst fan oertsjûge dat er yndie Aazje berikt hie, en dat dit eilannen foar de kust fan Sina of Ynje wiene. Sadwaande neamde er de lânseigen befolking dy't er mette ek fan "Yndianen".
Op 15 jannewaris 1493 sette Kolumbus oan board fan it karveel de Niña wer koerts werom nei Jeropa. Neffens syn eigen lôchboek rekke er op 'e hichte fan 'e Azoaren fersyld yn in stoarm, dy't syn skip sa'n averij besoarge dat er twongen wie om op 4 maart 1493 earst de Portegeeske haadstêd Lissabon oan te dwaan, ear't fierder sile koe nei it Spaanske Palos de la Frontera, dêr't er op 15 maart op 't langelêst arrivearre. Op 'e weromreis skreau Kolumbus oan board fan de Niña in brief wêryn't er ferslach die fan syn reis, en syn ûntdekking fan 'e "eilannen fan Ynje" ferkundige. Nei syn oankomst yn Jeropa ferstjoerde er dat brief daliks oan 'e Katolike Monargen Ferdinand II fan Aragon en Isabella I fan Kastylje (dy't tegearre Spanje regearren), wylst er in ôfskrift stjoerde oan Luis de Santángel, de escribano de ración oan it Hof fan Aragon (sis mar Ferdinand syn minister fan Finânsjes), mei't dat syn foarnaamste morele en finansjele stiper oan it Hof wie. It is mooglik dat er noch in twadde ôfskrift stjoerd hat oan Gabriel Sanchez, in oare Aragoneeske hofdignitaris, mar dat is ûnwis.
Hoewol't alle orizjinele eksimplaren fan Kolumbus syn brief ferlern gien binne, waard de ynhâld derfan op 'e iene of oare manear ûntdutsen troch (of trochspile oan) ferskate útjouwers, en de earste printe ferzje yn it Spaansk, nei alle gedachten basearre op it ôfskrift oan Santángel, ferskynde al binnen fjirtjin dagen, ein maart of op syn letst begjin april, by in drukker yn Barseloana. Der binne oanwizings dat dat barde mei keninklike goedkarring of alteast wittenskip, en de nuveraardichheden oan 'e stavering en it idioom fan dizze earste printe ferzje, dy't optild fan 'e katalanismen, en dêr't boppedat keninginne Isabella alhiel net yn neamd wurdt, tsjutte derop dat it fersprieden fan it brief dien waard troch Aragoneeske (ynstee fan Kastyljaanske) funksjonarissen. In Latynske oersetting, diskear adressearre oan Sanchez, ferskynde in moanne letter yn Rome. Binnen in jier nei Kolumbus syn oankomst kamen der nochris acht oare edysjes fan 'e Latynske ferzje út, wêrfan twa yn Basel, trije yn Parys, nochris twa yn Rome en ien yn Antwerpen. Tsjin juny 1493 ferskynde der in oersetting yn it Italjaansk, dy't op rym set wie en yn 'e earstfolgjende jierren ferskate kearen byprinte wurde moast. De earste Dútske fertaling datearret fan 1497. Yn 1985 waard der yn 'e Libro Copiador-kolleksje in manuskript fan it brief weromfûn wêrfan't de tekst justjes ôfwykt fan 'e printe ferzje.
Ynhâld
It Brief fan Kolumbus is it ierst bekende dokumint dat ferslach docht fan 'e "ûntdekking" fan Amearika. (In echte ûntdekking wie it fansels net, want de Wytsingen fan Leif Eriksson hiene der al earder west, en boppedat wie it al 12.000 jier of noch langer lyn ûntdutsen troch de foarfaars fan 'e Yndianen.) Yn syn brief, dat wierskynlik rochte wie oan Santángel, beweart Kolumbus dat er in stikmannich eilannen oan 'e râne fan 'e Yndyske Oseaan yn Aazje ûntdutsen en foar de Spanje yn besit nommen hat. Hy jout in beskriuwing fan 'e oangeande eilannen, yn 't bysûnder fan 'e Grutte Antillen Kuba en Hispanjoala, wêrby't er harren omfang en rykdom oerdriuwt en suggerearret dat it fêstelân fan Sina dêr net fier ôf wêze kin.
Hy beskriuwt fierdersoan de lânseigen befolking dy't er met hat, de Arawakken (dy't er oantsjut as "Yndianen", wêrmei't er sûnder erch in hiel ras yn ien kear in nije namme tapartet). Dêrby leit er de klam op harren hearrigens en freonlikens, en spekulearret er oer de goede foarútsichten om harren ta it roomsk-katolisisme te bekearen. Teffens ferhellet er dat der ûnder de Arawakken grute wurdt fan in ras fan minske-itende meunsters dat deunby tahâlde soe (nei alle gedachten de Kariben, fan wa't bekend is dat se kannibalen wiene), al seit Kolumbus sels neat fan sokke praatsjes te leauwen en ferwiist er it ferhaal nei it ryk fan 'e fabels.
It brief jout mar in hiel lyts bytsje details oer de reis sels, en behimmelet it ferlies fan it flaggeskip fan Kolumbus syn lytse float, de Santa María, troch suver te suggerearjen dat er dat mei sin dêre efterlitten hat mei guon kolonisten dy't op Hispanjoala it fort La Navidad stifte hawwe. Kolumbus slút syn brief ôf mei de Katolike Monargen op it hert te drukken om him oan it haad fan in gruttere ekspedysje werom te stjoeren, en hy ûnthjit harren dat er dan ûnfoarstelbere rykdommen mei werombringe sil.
Fryske oersetting
De Carta de Colón moat ûnder de titel Brief fan Columbus nei it Frysk ta oerbrocht wêze troch klassyk oersetter Klaas Bruinsma, dy't fral bekend is fan syn lettere ferfrysking fan û.m. Homêros syn Ilias en Odyssee. It is lykwols ûndúdlik wannear't dizze fertaling krekt makke is, en yn it digitale argyf fan Tresoar is der neat fan werom te finen. Nettsjinsteande liket it oannimlik dat er datearre wurde moat yn it jubileumjier 1992, doe't de "ûntdekking fan Amearika" persiis fiifhûndert jier lyn wie.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en sekundêre literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side. |