De Angelsaksyske Kronyk foar it jier 827 (829 yn de tiidrekkening fan no) mei in oersjoch fan de bretwalda's oant en mei Egbert fan Wesseks

Bretwalda wie in aadlike titel dy't oan guon fan de Angelsaksyske keningen fan Ingelân jûn waard, en stie gelyk oan 'e titel fan hege kening. De titel bretwalda woe sizze dat de kening de oppermacht hie oer hearskers fan de oare riken. Dat barde op it stuit dat ien fan dy keninkriken op it sterkst wie.

Betsjutting

It wurd komt fan it Angelsaksyske "Bretanwealda", dat mooglik "Hear fan Brittanje" betsjutte, en faaks te fergelykjen is mei primus inter pares en mear in earetitel as in offisjele beneaming wie, mei de macht dy't dêrby hearde. Neffens Kemble, komt bretwalda fan it Aldingelske wurd breotan (útdiele, ferdiele), wat hy oerset mei "wiid en siid regearjend".[1]

List fan Bretwalda's

Beda neamde yn 731 yn syn Historia ecclesiastica gentis Anglorum sân nammen. Hy skreau Latyn, dat hy hat de term bretwalda sels net brûkt. Guon saakkundigen twifelje oars ek oer de folsleinens fan syn list. De histoaryske Angel-Saksyske Kronyk neamt ek noch Egbert fan Wesseks.

NAMMEPERIOADEKening fan:
Aelle477 - sa. 514Susseks
Ceawlin560 - 591Wesseks
Ethelbert591 - 616Kent
Raedwald616 - 627East Anglia
Edwin627 - 632Northumbria
Oswald633 - 641Northumbria
Oswiu641 - 670Northumbria
Ethelbaldca. 735 - 757Mercia
Offa757 - 796Mercia
Egbert829 - 839Wesseks
Æthelwulf839 - 855Wesseks
Æthelbald856 - 860Wesseks
Æthelbert860 - 866Wesseks
Æthelred866 - 871Wesseks
Alfred871 - 899Wesseks

Alfred de Grutte wie de earste dy't beskôge waard as de kening fan hiel Ingelân. Itselde gou foar syn opfolgers, dêrnei spriek it himsels en waard de term 'Bretwalda' net mear brûkt.

Ethelbald en Offa regearren nei de tiid fan Beda syn list, dat dy waarden troch him net neamd, mar it is hast wol wis dat hja as Bretwalda beskôge waarden.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. John Mitchell Kemble, The Saxons in England. A History of the English Commonwealth till the Period of the Norman Conquest, 1876 Bernard Quaritch, London
.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.