Gerbrand Adriaens Bredero (Amsterdam, 16 maart 1585 - dêre, 23 augustus 1618) wie in Nederlânsk dichter en toanielskriuwer en rederiker. Hy wie ien fan de grutte Nederlânske 17e iuwske auteurs.
Libben
Bredero waard berne yn Amsterdam en dêr hat er syn hiele libben wenne en arbeide. Hy neamde himself "G.A. Bredero, Amstelredammer", mar ek wurdt er wol Breero of Brederode neamd. Hy wie it tredde bern fan Marry Gerbrants en Adriaen Cornelisz. A. C. Bredero, dy’t skuonmakker wie, hannele ek yn fêstguod. Bredero waard berne oan de Nes, op it hjoeddeiske nûmer 41. Yn 1602 ferhûze de hûshâlding nei in hûs oan de Oudezijds Voorburgwal, no nûmer 244. Bredero hat dêr syn Hiele libben tahâlden. Beide hûzen binnen no restaurants.
Bredero learde Frânsk, Latyn en wierskynlik ek wat Ingelsk op skoalle. Letter waard er oplieden ta skilder troch de Antwerpske skilder Francesco Badens. Mar net ien fan syn skilderijen is bewarre bleaun. Yn 1611 waard er lid fan de rederikerskeamer d'Eglantier. Hy wie in warber lid en rekke befreone mei Roemer Visscher en P.C.Hooft. Mei Hooft gie er by Costers syn Nederduytsche Academie. Yn dy snuorje skreau er ek it blijspul "De Spaanschen Brabander Ierolimo". De iennichste iepenbiere funksje dy’t Bredero hân hat is dy fan faandrich by de skutterij. Yn 1618 is er hommels ferstoarn mei 33 jier. Hy wie doe krekt better wurden fan in longûntstekking, dy’t er skipe hie nei’t er troch it iis sakke wie. Bredero hat net troud west.
Wurk
Treurspullen
- Treur-spel van Rodd'rick ende Alphonsus (1616)
- Griane (1616)
- Lucelle (1616)
- Stommen ridder (1619)
- Angeniet (1623) (net ôfmakke)
Kluchten
Blijspullen
Gedichten
Kanon fan Amsterdam
- De Spaanse Brabander is finster nûmmer 13 fan de Kanon fan Amsterdam.
Resinte útjeften fan of mei wurk fan Bredero
J. ten Brink e.a. (ed.), De werken van G.A.B., 3 dln. (1890)
J.A.N. Knuttel (ed.), De werken van G.A.B., 3 dln. (1921-1929)
A.A. van Rijnbach (ed.), De kluchten (1924)
F.R. Coers Fzn. (ed.), `Liederen van B.', in Lieten fan Grut-Nederlân (1933)
A.A. van Rijnbach, Groot lied-boeck (1944)
C.H.A. Kruyskamp (ed.), Rodd'rick ende Alphonsus (1968)
Jo Daan (ed.), Kluchten (1971)
C.A. Zaalberg (ed.), Lucelle (1972)
C.H.A. Kruyskamp, Stommen ridder (1973)
F. Veenstra, Griane (1973)
C.F.P. Stutterheim (ed.), Spaanschen Brabander (1974)
B.C. Damsteegt (ed.), Het daget uyt den Oosten (1976)
C.H.A. Kruyskamp (ed.), Kluchten (1976)
E.K. Grootes (ed.), Schyn-heyligh (1979)
A. Keersmaekers (ed.), Toneelspelen (1979)
F.H. Matter, G. Stuiveling e.a. (ed.), Groot lied-boeck, 3 dln. (1979-1983)
A. Keersmaekers (ed.), Oersette gedichten (1981)
P.E.L. Verkuyl (ed.), Angeniet (1982)
B.C. Damsteegt (ed.), Moortje (1984)
H. Adema (ed.), De klucht van de koe: tekst en vertaling (1985) ISBN 90-6620-026-X
H. Adema (e.a.), De klucht van de meulenaer: tekst en vertaling (1993) ISBN 90-6620-503-2
Biedwurd
'T kan verkeren wie it biedwurd fan Bredero. Dit is dan ek tapast yn de measte fan syn gedichten. Bygelyks yn Boeren-geselschap, dêr begjint alles op in hiel fleurige toan, mar it gedicht einiget mei fjochterij.
Keppeling om utens
- Keninklike Bibleteek - profyl Bredero
- G.A. Bredero 1585-1618 - ferskate ôfbyldings fan Bredero (digitale bibleteek foar de Nederlânske letteren)
- G.A. Bredero (1585-1618) - Elektronyske edysjes fan wurk fan Bredero (Projekt Laurens Janszoon Coster)
- Nije gedichten fan Bredero en Starter