Brandi Love | ||
persoan yn de seksyndustry | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Tracey Lynne Potoski | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 29 maart 1973 | |
berteplak | Raleigh (Noard-Karolina) | |
etnisiteit | Poalsk Ingelsk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | neakenmodel, stripper, pornoaktrise, produsinte | |
jierren aktyf | 2007 – no | |
offisjele webside | ||
www.brandilove.com |
Brandi Love, echte namme: Tracey Lynne Potoski (Raleigh (Noard-Karolina), 29 maart 1973), is in Amerikaansk neakenmodel, stripper, pornografysk aktrise, pornoprodusinte, sakefrou, blochster en publisiste fan mingd Poalsk-Ingelsk etnysk komôf. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m, mei in gewicht fan 57 kg en kupmaat 36DD, dy't se krigen hat troch yn 2011 in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.
Libben en karriêre
Brandi Love waard yn 1973 berne yn Raleigh, yn 'e steat Noard-Karolina. Mei trije jier siet se al op dûnsles en mei fjouwer jier op keunstriden. As bern die se ek oan lange-ôfstânsdraven, fuotbal en tennis. As folwoeksene wie se eigneresse fan har eigen wynhannel, oant se yn juny 2004 fia har eigen webside mei in karriêre as neakenmodel úteinsette.
Yn 2007, doe't se 34 jier wie, makke Love har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn in santichtal pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Pure Play Media, Jules Jordan Video, New Sensations en Hustler Video. Ek hat Love in protte wurke foar pornosites as Brazzers, Reality Kings en BangBros. Yn 2013 waard se nominearre foar twa AVN Awards (de Oskars fan 'e pornowrâld) en wûn se in NightMoves Award.
Njonken har aktearwurk is Love de mei-eigneresse en c.f.o. fan it multymedia-pornoproduksjebedriuw No Rivals Media. Fierders is se ek noch altyd aktyf as model op har eigen webside, en reizget se as feature dancer by stripklubs yn hiel Amearika lâns. Love is ek de oprjochtster fan ParentsInAdult.com, in filantropyske organisaasje dy't wijd is oan it ûnderstypjen fan pornoakteurs dy't (jonge) bern hawwe.
Bûten de pornoyndustry hat Love te gast west yn praatprogramma's op 'e Amerikaanske radio en tillefyzje, lykas yn 'e shows fan Tyra Banks, Keith Ablow en Howard Stern. Yn 'e Tyra Banks Show die Love yn 2006 mei oan in ôflevering oer monogamy en de fraach oft dat natuerlik is. Hja wie dêr útnûge mei har man, dêr't se doedestiden al tolve jier in iepen houlik mei ûnderhold, en fierders mei in strikt monogaam troud pear, en mei Playboy-útjouwer Hugh Hefner en syn trije doetiidske freondinnen. Ek hie Love in gastroltsje yn 'e ôflevering The War on Porn, fan 'e searje Penn & Teller: Bullshit!, en spile se yn 2013 harsels yn 'e searje Lizard Lick Towing.
Love is troch de jierren hinne útnûge om te sprekken of lêzings te hâlden foar in ferskaat oan selskippen en by alderhanne organisaasjes. Sa jout se sûnt 2011 elts jier as gastdosinte in kolleezje oan 'e oplieding sosjology fan 'e Universiteit fan East-Karolina, yn Greenville, oer de relevânsje fan alternative relaasjes en har stânpunt dat de tradisjonele monogame relaasje yn 'e wrâld fan tsjintwurdich faak gewoan net wurket. Yn 2008 publisearre Love in boek mei as titel Getting Wild Sex from Your Conservative Woman ("Hoe'tst Wylde Seks Krije Kinst fan Dyn Alderwetske Frou").
Prizen en nominaasjes
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar har optreden yn |
---|---|---|---|---|
2013 | AVN Award | nominearre | skandalichste sekssêne (mei Kelly Madison) | Bit Titty MILFs |
nominearre | milf/cougar-artyste fan it jier | n.f.t. | ||
NightMoves Award | nominearre | bêste kont | n.f.t. | |
wûn | bêste cougar/milf-artyste (redakteurskar) | n.f.t. | ||
Xbiz Award | nominearre | ynternetstjer fan it jier (foar BrandiLove.com) | n.f.t. |
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|