Bram van der Vlugt | ||
akteur | ||
Van der Vlugt in Medisch Centrum West (1991) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 maaie 1934 | |
berteplak | De Haach | |
stoarn | 19 desimber 2020 (86 jier) | |
stjerplak | Zegveld | |
jierren aktyf | 1955-2020 | |
prizen | Louis d'Or (2000) | |
offisjele webside | ||
IMDb-profyl Van der Vlugt |
Abraham Rutger (Bram) van der Vlugt (De Haach, 28 maaie 1934 – Nieuwegein, 19 desimber 2020) wie in Nederlânske akteur.
Libben en wurk
Jonkheid
Van der Vlugt wie in soan fan luitenant-kolonel Abraham Rutger van der Vlugt (1905-1965) en de Joadske Ellen Stokvis (1906-1944). Yn de Twadde Wrâldoarloch waard syn mem troch de nazys nei Auschwitz deportearre en dêr rekke sy wei. Omdat harren heit net-joadsk wie, lieten de Dútsers Van der Vlugt en syn âldere broer Fred gewurde. Yn 1945 ferlearen se harren hûs by it bombardemint op it Bezuidenhout yn De Haach. Syn heit boaske fannijs mei Gerarda Huter (1909-1991) dy't al twa bern hie út in earder houlik. Van der Vlugt folge syn toanieloplieding oan de Toanielskoalle yn Amsterdam. Dêrnei spile er sân jier by Toanielgroep Studio.
Karriêre
Van der Vlugt woe al betiid akteur wurde, mar op oanstean fan syn âldelju soe er earst boukunde yn Delft studearje. Dêr rekke er belutsen by it studintetoaniel. Fan 1958 ôf folge er dochs noch in toanieloplieding oan de Toanielskoalle Amsterdam, dêr't er yn 1961 ôfstudearre as akteur en regisseur. Stúdzjegenoaten dêre wiene ûnder oaren Hetty Verhoogt, Guido de Moor en Aart Staartjes. Fan 1961 ôf oan wie er sân jier oansletten by Toanielgroep Studio, dy't fan 1962 ôf yn Flaamsk kultuersintrum De Brakke Grond yn Amsterdam dwaande wie mei eksperiminteel toaniel. Van der Vlugt waard bekend troch syn haadrol as dokter Finlay yn de telefyzjerige Memorandum van een dokter dy't fan 1963 oant 1965 útstjoerd waard. Yn 1970 wie er ien fan de oprjochters fan Toanielgroep Sater. Hy spile dêr sels oant 1974. Dêrnei wie er by wikseljende selskippen en yn de frije sektor te sjen. Foar syn rol yn it toanielstik Kopenhagen krige er yn 2000 de Louis d'Or, de priis foar de bêste manlike haadrol.
Van der Vlugt wie ek aktyf as ambassadeur fan it Groene Hart, dêr't er fjirtich jier yn De Meije wenne. Hy wie ien fan de oprjochters fan de stifting Gras & Wolken, dy't krewearret foar it behâld fan it Groene Hart. Foar syn wurk foar Gras & Wolken en syn fertsjinsten as akteur waard er yn 2001 beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Fierder wie er de voice-over fan de radioreklames foar Royal Canin en ien fan de reklamestimmen fan Adopteer Een Pup.
Yn it teäter wurke er ûnder mear gear mei Joost Prinsen, Kitty Courbois, Thom Hoffman en Oren Schrijver.
- Sinteklaas
Tusken 1986 en 2010 spile er faak de rol fan Sinteklaas, yn 't foarste plak by de jierlikse yntocht yn Nederlân, mar ek yn it telefyzjeprogramma De Club van Sinterklaas en oare telefyzjeprogramma's lykas Goede tijden, slechte tijden (2006), Life & Cooking (2004 en 2006), De Wereld Draait Door (2008 en 2010), MaDiWoDoVrijdagShow (2010) en Sint & De Leeuw (2005 – 2011, 2018). Yn 2019 spile er Sinteklaas foar it lêst yn de film De Brief voor Sinterklaas út 2019.
Priveelibben
Van der Vlugt wie troud en hie fiif bern; ien dêrfan is Marijne van der Vlugt, sjongster en presintatrise. Syn âldere broer Fred van der Vlugt (1930-2002) wie sjoernalist.
Yn febrewaris 2005 waard bekend dat Van der Vlugt in tumor yn syn grouwe term hie; dy waard mei in operaasje fuorthelle. Van der Vlugt stoar yn de âldens fan 86 jier yn de sliep oan de gefolgen fan COVID-19.
Rollen
- Sjoch: nl:Bram van der Vlugt#Rollen
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|