brúnoker groukopke
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammelidpoatigen (Arthropoda)
klasseynsekten (Insecta)
skiftflinters (Lepidoptera)
famyljegroukopflinters (Hesperiidae)
skaailytse gersgroukopkes (Thymelicus)
soarte
Thymelicus sylvestris
Poda, 1761
IUCN-status: net bedrige

It brúnoker groukopke (Thymelicus sylvestris) is in soarte yn it skaai fan de lytse gersgroukopkes (Thymelicus).

Foarkommen

It brúnoker groukopke is in algemiene stânflinter. Hy hâldt fan drûge greiden, boskrânen en stikjes gers yn 'e bosk. De soarte komt foaral foar yn it easten fan Nederlân. It is in honkfêste soarte.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter

De wjuklingte is likernôch 12 oant 15 mm. De boppekant fan de wjukken is ljochtbrún mei giel sûnder tekening. De wjukpunt hat faak in oare kleur, faak is dat grien-brún.

Fleantiid

De flinter is te sjen fan healwei juny ôf oant ein augustus, foaral tusken 10 en 30 july. Fljocht altyd yn 1 generaasje.

Rûp

De rûp kin 25 mm lang wurde. It liif is gersgrien mei in wytgriene line oer de rêch en de sydkant. De kop is gieleftich mei grien. De rûp oerwintert as healwaaks rûp. Se meitsje in kokon yn in toarre gersstâle. Yn 'e maaitiid en yn de foarsimmer begjinne de rûpen mei fretten en groeien.

Sjoch ek

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.