Brânbuorren is in buorskip by Ie yn Noardeast-Fryslân. Brânbuorren leit justjes eastlik fan de doarpskearn fan Ie, dêr't it formeel ûnder falt. De bebouwing fan de buorskip leit oan de mei deselde namme semy-dearinnende strjitte oan de noardkant fan in flauwe bocht fan de Dodingawei (N358). De buorskip bestiet út seis huzen dy't ticht byinoar stean. Fan de wei ôf binne der fjouwer fuortendaliks te sjen.
Skiednis
De buorskip is ûntstean út in twatal huzen dy't der om 1915 hinne boud waarden. Geandewei binne der noch in pear bykommen. Brânbuorren lei oant de gemeentlike weryndieling fan 1984 yn de eardere gemeente East-Dongeradiel. Dêrnei foel it oant 2019 ûnder de gemeente Dongeradiel, wêrnei't dy opgie yn de gemeente Noardeast-Fryslân.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.