Kaart út 1692 mei Bosk (it noarden leit ûnder!)
Dútske kaart út 1820, Bosk yn 't easten:
Plak wo ehedem die I. Bosch lag

Bosk (Bosch) is in earder eilân yn de Waadsee; it lei tusken Skiermûntseach en Rottumereach. Neffens âlde kaarten waard it oan de westkant fan Skiermûnteach skieden troch de geul De Lauwers en oan de eastkant fan Rottummereach troch De Schille.

Skiednis

Oant 1530 wie it eilân fan it kleaster fan Aduard, dêr wie ek in foarwurk op it eilân. Bosk ferdwûn by de Alderheljenfloed fan 1570 foar it meastepart yn see, sadat it net mear bewenne wurde koe. Tsientallen jierren letter waakste it eilân wer wat oan, mar yn 1717 waard Bosk ûnder de Krystfloed fan 1717 foar altyd ferswolge. Neffens guon boarnen soe it eilân in doarp hân hawwe, Korresân; oare boarnen wolle hawwe dat Cornsand ea in apart eilân west hat dat op seker stuit oan Bosk fêstrekke wie.

Skiermûntseach lei yn 1570 noch goed tsien kilometer bewesten Bosk, mar omdat Skiermûntseach stadichoan nei it easten opskode, leit it eastlik part fan it hjoeddeiske Skiermûnteach op it plak dêr't ea it westlik diel fan Bosk lei.

Undersyk

Yn 2006 waard der foar it earst wittenskiplik ûndersyk dien nei oerbliuwsels fan Bosk, mar der waard neat fûn. Yn novimber 2007 organisearre it Grinzer Museum in "ynbringjûn' op Skiermûntseach foar archeologyske fynsten dy't op it eilân dien wiene. Hoewol't der wol bysûndere fynsten ynbrocht waarden, smiet de jûn gjin nije eachpunten op it ferline fan Bosk op.

Maart 2008 fûnen ûndersikers 16e iuwske oerbliuwsels fan bewenning op Bosk ûnder de dunen fan East-Skiermûntseach.[1] It telefyzjeprogramma Nova hie in dei letter noch omtinken foar de fynst.[2]

Grûnradarbylden lieten ûnder de eastpunt fan Skiermûnteach, op in djipte fan 3 à 4 meter, fersteurings yn de boaiemopbou sjen dy't wize op in eilân op dat plak.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stormvloed: de spectaculaire ondergang van het Waddeneiland Bosch in het begin van de 80-jarige oorlog, histoaryske roman, Y. Penning, 2007, Uitgeverij Kok, ISBN 9033005662
  1. Sporen gevonden van verdwenen waddeneiland Dagblad van het Noorden, 20 maart 2008
  2. "Verdronken eiland gevonden" Nova, 21 maart 2008
 
Fryske eilannen

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.