Utjouwerij Bornmeer | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type | privaat | |
sektor | útjouwerij | |
fêstige yn | De Gordyk (Fryslân) | |
oprjochte | 1992 | |
eigner | Steven Sterk, Robert Seton | |
offisjele webside | ||
www.bornmeer.nl |
Utjouwerij Bornmeer, of koartwei Bornmeer, is in Fryske útjouwerij dy't fêstige is op De Gordyk. It bedriuw bestiet sûnt 1992 en hie syn earste kommersjele súkses yn 1995. Bornmeer neamt himsels op 'e eigen webside "de iennichste selsstannige kommersjele Fryske útjouwerij". De direksje bestiet út Steven Sterk en Robert Seton. It bedriuw jout in protte Frysktalige boeken út en kocht yn 2017 de fûnskatalogus op fan 'e fallyt giene Friese Pers Boekerij.
Skiednis
Utjouwerij Bornmeer waard yn 1992 oprjochte troch Louw Dijkstra, Robert Seton en Tymen Hein Corporaal. De earste útjeften wiene in pear lytse boekjes oer keunstner Ruurd Wiersma en it doarp Hegebeintum. Kommersjeel súkses folge yn 1995 mei de oersetting nei it Frysk fan ferskate boeken út 'e rige De Kameleon[1] fan skriuwer Hotze de Roos. In oar ier súkses wie de histoaryske roman Grutte Wurden, fan Akky van der Veer, dy't ek as oersetster bydroegen hie oan De Kameleon-boeken. Neitiid kamen by Bornmeer ek Fryske oersettings út fan oar populêre Nederlânske berneboeken, lykas dielen út 'e Nijntje-searje fan Dick Bruna en de Kikker-rige fan Max Velthuijs. Yn 2004 publisearre de útjouwerij fierders de earste Nijntje-oersetting yn it Latyn (Miffa ad Mare).[2]
Utjouwerij Steven Sterk publisearre ûnderwilens ûnder de bedriuwsnamme 'Steven Sterk, Uitgever' it earste boek yn 1998. Dat wie Akten fan Winter, fan Eeltsje Hettinga, dy't foar dat boek yn 1999 de Fedde Schurerpriis krige. De Fryske oersettings fan 'e Ilias en de Odyssee fan Klaas Bruinsma ferskynden yn 2005 by Steven Sterk; dy beide boeken waarden bekroane mei de Obe Postmapriis. Op 1 jannewaris 2006 fúzjearren Bornmeer en Utjouwerij Steven Sterk ta ien bedriuw, mei as offisjele, by de Keamer fan Keaphannel ynskreaune namme: Tweintich leafdesdichten en in liet fan wanhoop B.V. Bornmeer waard de wichtichste ymprint fan it nije bedriuw, mar waard ek as hannelsnamme oanholden.[2]
It gie de nije kombinaasje al rillegau foar de wyn mei de útjefte fan 'e Fryske bestseller De Oerpolder, fan Hylke Speerstra, út 2006. Oare súksessen wiene û.m. de publikaasjes Fries Goud en Zilver, Protestantse Kerken in Nederland, Sweltsjes fan Gaast, en (op 'e nij fan Speerstra) Op Klompen troch de Dessa. It boek Asega, Is it Dingtiid?, fan histoarikus Oebele Vries, dat yn 2007 publisearre waard, omfiemet de hichtepunten út 'e Aldfryske tekstoerlevering en wurdt sjoen as in standertwurk. Datselde jiers woe de Harry Potter-ferfrysking Harry Potter en de Stien fan 'e Wizen, oerset troch Jetske Bilker, net rinne, mar yn 2012 wie Mearkes fan Grimm, yn in oersetting fan Anne Tjerk Popkema, wol wer in grut súkses. Nei 2010 ferskynden by Bornmeer ek ferskate Nijntje-oersettings yn it Papiamintsk en yn Nederlânske streektalen, lykas it Amsterdamsk (Mokums), it Brabânsk, it Drintsk, it Grinslânsk, it Haachsk (Hagenees), it Ljouwertersk, it Rotterdamsk (Rotjeknors), it Siuwsk, it Stellingwerfsk, it Twintsk en ferskillende Limburchske dialekten (lykas Tsjerkriedsk en Maastrichtersk).[2]
Yn jannewaris 2012 ferliet Louw Dijkstra Bornmeer om syn eigen Utjouwerij Wijdemeer op te rjochtsjen. Op 20 july 2017 fernijde de Ljouwerter Krante dat Utjouwerij Bornmeer mei kurator Marike Boersen út Tiel oerienstimming berikt hie oer de oername fan alle yntellektuële eigendommen fan 'e fajyt giene Friese Pers Boekerij/Noordboek, wêrûnder de merknamme, domeinnammen, websiden en fûnskatalogus. Bornmeer hat de ambysje om troch te groeien ta in middelgrutte lanlike útjouwerij. Hoewol't de Ljouwerter Krante gewach makke fan in "trochstart" fan 'e Friese Pers Boekerij/Noordboek, bliek út it artikel, wêryn't útjouwer Steven Sterk fan Bornmeer wiidweidich oan it wurd kaam, net dat Bornmeer fan doel wie om 'e namme fan 'e Friese Pers Boekerij as ymprint yn gebrûk te nimmen.[3]
Aktiviteiten
De boeken dy't troch Utjouwerij Bornmeer publisearre wurde, kinne opdield wurde yn fiif kategoryen:[2]
- berneboeken en jongereinboeken yn it Frysk en yn streektalen;
- literatuer (foar it meastepart Frysktalich);
- útjeften oangeande keunst en kultuer (foar it meastepart Nederlânsktalich);
- útjeften op it mêd fan 'e natoer (foar it meastepart Nederlânsktalich);
- útjeften oer Fryslân (foar in diel Frysktalich en foar in diel Nederlânsktalich).
Bornmeer besiket him te ûnderskieden troch omtinken te jaan oan 'e foarmjouwing en oan 'e begelieding fan 'e skriuwers. Foar de foarmjouwing fan 'e boeken hat de útjouwerij ferskate prizen krigen.
Skriuwers
Skriuwers yn it fûns fan Bornmeer binne û.m.: Tine Bethlehem, Jetske Bilker, Ulke Brolsma, Tsead Bruinja, Dick Bruna, Eppie Dam, Lida Dykstra, Geartsje Douma, Berber van der Geest, H. Heeringa-Seepma, Eric Hoekstra, Arjan Hut, Anny de Jong, Jaap Krol, Elmar Kuiper, Friedrich Nietzsche, Hotze de Roos, Albertina Soepboer, Steven Sterk, Jabik Veenbaas, Akky van der Veer, Arjen Versloot, Abe de Vries, Jaap de Vries, Cornelis van der Wal, Mindert Wynstra.
Galery fan útjeften
¹) In Komeedzje Fol Fersinnen, Leafde's Lêst Net Leanne & De Twa Eallju fan Verona
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|