Borgsweer
Nederlânsk-herfoarme tsjerke op de wierde fan Borgsweer
Nederlânsk-herfoarme tsjerke op de wierde fan Borgsweer
Polityk
Lânflagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal150
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 17' 53" NB, 7° 0' 50" EL
Lokaasje fan Borgsweer yn de eardere gemeente Delfsyl
Lokaasje fan Borgsweer yn de eardere gemeente Delfsyl
Kaart
Borgsweer (Grinslân)
Borgsweer

Borgsweer (Nederlânsk en offisjeel; Grinslânsk: Börgsweer; Frysk: Boarchswar) is in lyts doarp yn de gemeente Iemsdelta yn de provinsje Grinslân. It leit efkes bewesten fan Termunterzijl, oan de râne fan it yndustryterrein by Delfsyl. It doarpke hat 150 ynwenners (2021).

Skiednis

Namme

It doarpke leit op in lege wierde weer fan borgis- dat genityf inkelfâld fan it Aldfryske burch itjinge boarch of ek wol dyk betsjut.

Karspel

Ta it eardere karspel Borgsweer hearden ek de buorskip Lalleweer en earder ek de útbuorren De Knuif. It karspel hearde yn tsjinstelling ta de oare doarpen yn it Klaai-Aldamt net by Termunterzijlvest, mar by Oterdumerzijlvest. Neffens in berjocht út de 16e iuw foarmen Borgsweer en Lalleweer oarspronklik ek in aparte rjochtsstoel.

Terp en tsjerke

Borgsweer leit op en oan in rjochthoekige terp. Op de terp stiet de ienfâldige tsjerke fan Borgsweer út 1881. Neffens in tinkstien út 1635 hat der earder in âldere tsjerke stien, dy't wijd wie oan Nikolaas fan Myra. De frijsteande tsjerketoer waard yn de 18e iuw sloopt.

Boargen

Borgsweer hie - sa blykt út in ferklearring út 1487 - oant it begjin fan de fyftjinde iuw in boarch en foarme oant fier yn de 16e iuw in selsstannige rjochtsstoel. De âldste fermeldingen fan de namme bin Borgiswer (1428), Borgisweer (1432) en Borcxwer (1441).

Bewesten Borgsweer stie it hûs Fluijtenburgh, dat by de Stoarmfloed fan 1686 fuortspielde.

Delfsyl

It bestean fan it doarp waard yn de 70-er jierren fan de 20e iuw earnstich bedrige. De útwreidingsplannen fan Delfsyl, dêr`t de doarpen Heveskes, Oterdum en in grut diel fan Weiwerd foar opoffere waarden, drige ek Borgsweer op te slokken. Troch de ôffallende ûntjouwingen is dy bedriging ûnderwilens net mear oan de oarder.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Borgsweer fan Wikimedia Commons.
Iemsdelta
Stêden:
AppingedamDelfsyl
Doarpen:
BierumBorgsweerEenumFarmsumGarrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • HolwierdeHuizingeKrewerdLeermensLoppersum • Losdorp • Medhuizen • MiddelstumOosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • SyldykSolwerdSpijkStartenhuizen (foar in part)StedumTermuntenTermunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • UitwierdeWagenborgenWesteremdenWesterwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • BaamsumBiessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.