Boreray
Boraraigh
Basis-ynformaasje
NammeBoreray
LânSkotlân
EilannegroepSint-Kilda-arsjipel/Bûten-Hebriden
LokaasjeAtlantyske Oseaan
Ynwenners0
Oerflak0.77 km²
De Sint-Kilda-arsjipel mei rjochtsboppe Boreray

Boreray (Skotsk-Gaelysk: Boraraigh) is in ûnbewenne eilân fan de Sint-Kilda-arsjipel. Lykas ek it oarepart fan Sint-Kilda is Boraraigh it oerbliuwsel fan in fulkaan. Dêrom hat it eilân tige steile sydkanten en is it rotsich. It eilân leit 7 kilometer benoardeasten fan it haadeilân Hoart (Hirta). In heale kilometer nei it westen leit de Stac Lee, 172 meter heech, en likernôch like fier nei it noarden leit de Stac an Armin, dy't 196 meter boppe see útstekt: dit binne de twa grutte rotsen dy't by Boreray lizze. Dêrneist lizze noch twa lytse rotsen tusken Boraraigh en de Stac an Armin, en yn 't suden de Sgarbhstac.

Boreray syn heechste punt leit op 384 meter. Der binne spoaren fan prehistoaryske bewenning op it eilân fûn. It eilân mei syn Stacs briede tûzenen fûgels. De Sint-Kildianen hellen dêr yndertiid de nêsten út en hiene dêr tydlike út stiennen oplutsen ûnderkommens (cleits) foar it gefal dat min waar harren behindere werom nei Hirta te farren.[1]. It eilân mei de Stacs wurde beheard troch de National Trust for Scotland en stiet mei hiel Sint-Kilda op Wrâlderfgoedlist.

Galery

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • It artikel Boreray (Saint Kilda) yn de Nederlânsktalige Wikipedy
  1. Maclean (1977) s. 28.
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.