Boreas wie de Grykske god fan de noardewyn, yn de Romeinske mytology Akwilo neamd. Hy wie de soan fan Eos, de goadinne fan de dage, en fan Astraeus. Syn bruorren wienen Eurus (de eastewyn), Notus (de sudewyn) en Zephyros (de westewyn). Faak wurdt tocht dat Aeolus syn heit wie, mar dat is net wier, Aeolus wie de god fan de wyn en waard troch Seus oansteld as hoeder fan de wyn. Aeolus hâldt dizze winen opsletten yn in grot, en kin se der op útstjoere at hy dat wol.
Boreas is ien fan de meast ferneamde wyngoaden. Neffens de Grykske mytology swalke hy om yn Traasje, yn Noard-Grikelân. Dêrom wurdt hy ek wol in Trasyske god neamd. Alhoewol’t Boreas fan it noarden komt, waard hy doch benammen yn Atene eare, omdat hy yn 480 foar Kristus by Pilion de float fan de Persen fernield hawwe soe, de float wêrmei't Kserkses Atene belegere. Om syn grutte populariteit brochten de Ateners him foar dy oerwinning in grut offer. Hy waard ôfbylde op de Toer fan de Winen, mar de Ateners fûnen him sa wichtich dat ek oan de rivier de Ilisos in hillichdom stien hat dat oan him wijd wie.
Alhoewol’t Boreas nochal troubrekkerich wie, wie syn wiere leafde Oreityia, de dochter fan de Ateenske kening Erechtheus. Mar Oreityia mocht fan har heit net mei Boreas trouwe. Dêrom ûntfierde Boreas har en twong har sa mei him te trouwen. Doe’t Oreityia oan it boartsjen wie mei har freondinnen, die hy har yn in wolk en fierde har mei nei de grot wêryn't hy wenne. Boreas hat fiif bern by har krigen. It meast ferneamd is de twilling Kalaïs en Zetes, dy’t ek wol de Boreaden neamd wurde en oant de Argonauten tahearre. Boreas syn dochter, Chione, krige in soan by Poseidon, Eumolpus. Butes, de tredde soan fan Boreas, misledige Dionysos en waard straft troch dwylsinnich te wurden.
Yn de foarm fan in hynder makke Boreas ek follens by 12 merjes fan Erichthonius, de kening fan Troaje. Neffens de ferhalen rûnen dizzen sa gau en licht, dat ûnder harren hoeven de ieren fan in koarnfjild net bûgen en it seeflak net ronfele.
Boreas soarge foar kjeld, tsjuster en snie. De Griken wienen dan ek net altyd like bliid mei him, dêrom waard hy foarsteld as in hurde en botte god. Hy waard ôfbylde mei wjukken, ferwyldere hier en in burd.